Bewenners rekreaasjepark Appelskea teloarsteld: gemeente is tsjin permaninte bewenning

De Hildenberg yn Appelskea
De Hildenberg yn Appelskea © Google Street View
De gemeenteried fan Eaststellingwerf hat yn grutte mearderheid útsprutsen om permaninte bewenning op rekreaasjepark De Hildenberg yn Appelskea tsjin te gean. Ta grutte teloarstelling op de drokbesette publike tribune.
De diskusje spilet al langer. De gemeente hat twa fersiken krigen om tsjin permaninte bewenning yn aksje te kommen: eigeners fan de rekreaasjewenning kleie dat harren gebouwen minder ferhierd wurde en dat de útstrieling fan it park efterút giet. Dat soe komme trochdat der minsken permanint wenje.
De ried koe kieze út trije senario's: of fan De Hildenberg in park meitsje mei allinnich wenningen om yn te wenjen, of in kombinaasje tusken wenje en rekreëarje, of it tsjingean fan permaninte bewenning.
Yn in kommisjegearkomste fan twa wiken lyn wie al dúdlik wurden hoe't de measte fraksjes oer it ûnderwerp tinke. Trije jier lyn is besletten om it park nij libben yn te blazen. Dêr past permaninte bewenning net by, fine de measten.

Juridyske gefolgen?

Boppedat wisten de keapers fan de rekreaasjewenningen dat se der net permanint wenje mochten, sizze it CDA en Ooststellingwerfs Belang.
Gemeentehûs Eaststellingwerf
It gemeentehûs fan Eaststellingwerf © Omrop Fryslân
De gemeente jout permaninte bewenners fan it park trije jier de tiid om in oare wenning te sykjen. Dêrnei wurdt der 'hanthavene'. Yn de praktyk betsjut dat dat der dan druk útoefene wurdt mei twangsommen.
Bewenners kinne dan besykje om fia de rjochter dochs har gelyk te krijen. Riedslid Simon ter Heide fan Lokaal Sociaal Ooststellingwerf, fan hûs út jurist, hat dêr noed oer. "Ik wil daar geen risico voor dragen." De gemeente hat in soad jierren net hanthavene en sadwaande dizze situaasje ûntstean litten.

Drige mei rjochtsaken

It ûnderwerp hat in soad emoasjes losmakke op it park. Achter de skermen ha bewenners de ôfrûne wike stevich druk útoefene op riedsleden troch te driigjen mei rjochtsaken. En dat is net goed fallen, litte de ferskate riedsleden witte.
Jan Vledder fan de PvdA ferwiisde yn it debat nei dy drigeminten. "Daar zijn we niet van gediend." En CDA-riedslid Marie van Tellingen rôp bewenners op om in demokratysk beslút te respektearjen.