Van der Plas (BBB) benaud foar ûnbetelbere huzen yn Fryslân troch Lelyline

Caroline van der Plas (BBB)
Caroline van der Plas (BBB) © ANP
De BBB wrakselet mei de plannen foar de Lelyline. "Dit onderwerp is voor ons een kleine achilleshiel", seit partijlieder Caroline van der Plas. Sy is benaud foar de gefolgen foar de Fryske huzemerk.
It wifeljen waard juster dúdlik by de technyske briefing oer de nije spoarline fan Lelystêd oer De Jouwer en Drachten nei Grins yn de Keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat.
Van der Plas frege Lelyline-projektlieder Stijn Lechner nei it risiko dat huzeprizen yn Fryslân ûnbetelber wurde foar de Fryske jongelju as se op de huzemerk konkurrearje moatte mei rike minsken út Amsterdam.
It antwurd fan Lechner dat de measte minsken yn Nederlân by foarkar net fierder ferhúzje as 30 kilometer fan it âlde wenplak befredige Van der Plas net.
Dat Nederlanners net graach fier fuort ferhúzje, docht ek bliken út ferskate ûnôfhinklike ûndersiken. Yn Noard-Nederlân is de trochsneed 'ferhúsôfstân' krekt wat mear as 20 kilometer, yn de Rânestêd gemiddeld maksimaal 15 kilometer. Dy ôfstannen binne sûnt 2000 net of kwalik feroare.
In resinte ferhústrend is wol dat minsken út de Rânestêd earder nei de 'nasjonale perifery' ferhúzje as oarsom. By dat lêste gebiet heart net allinnich Fryslân, mar ek Grinslân, Drinte, Seelân, Limboarch, in grut part fan Oerisel, de Achterhoeke en de Kop fan Noard-Hollân.
As de trend fan no him trochset, dan soe dat yn 2040 gean om yn totaal 74.000 minsken nei dy gebieten.
Van der Plas: "Wij zien het belang van de bereikbaarheid, maar wat betekent het voor het landelijk gebied als mensen van de Amsterdamse Zuidas massaal in Fryslân komen wonen? Als je in Amsterdam een huis kunt verkopen voor een miljoen, dan kun je in Fryslân of Groningen voor een spotprijsje een mooie woning kopen."
De technyske briefing oer de Lelyline
De technyske briefing oer de Lelyline © Omrop Fryslân
De BoerBurgerBeweging hâldt der rekken mei dat minsken út de Rânestêd makliker nei it noarden ferhúzje as der ien kear in flugge spoarline leit. "Anderhalf uur reizen is voor mensen peanuts tegenwoordig. Maar ik gun de mensen in Friesland ook dat ze woningen kunnen kopen."
Ik weet dat er zorgen zijn bij mensen die denken: worden wij niet een tweede Randstad?
Caroline van der Plas (BBB)
"Ik weet dat er zorgen zijn bij mensen die denken: worden wij niet een tweede Randstad? Ik zal deze vraag blijven stellen totdat duidelijk wordt hoe dit zit."

Lelyline yn formaasje op it aljemint

De technyske briefing yn it nasjonale parlemint kaam neffens Van der Plas op in strategysk momint, want de fjouwer ûnderhanneljende partijen PVV, VVD, NSC en BBB prate hjoed oer ynfrastruktuer. Ek de Lelyline stiet dan op de wurklist.
De organisaasje fan de Lelyline presintearre koartlyn fjouwer tinkrjochtingen foar de nije spoarline:
Van der Plas ferwachtet lykwols net dat de fjouwer partijen al yn dizze faze in beslút nimme oer it plan foar de nije spoarline. Sy tinkt dat soks pas bart neidat de projektgroep Lelyline har einferslach opleveret mei foarkarstrasee en begrutting.
"Kijk, als je niet weet wat iets kost, kun je er ook geen besluit over nemen", fynt se.

Utnûge foar wurkbesite

De technyske briefing oer de Lelyline - en ek oer de 'Nedersaksenlijn' troch Grinslân en Drinte - waard juster bywenne troch acht Keamerleden.
Sy waarden troch direkteur Stijn Lechner fan de projektorganisaasje útnûge om op koarte termyn in wurkbesite te bringen oan it beëage trasee fan de Lelyline.