Qbuzz en Arriva fjochtsje oer Frysk busferfier, wylst reizgers en sjauffeurs wachtsje

In bus fan Arriva
In bus fan Arriva © ANP
It is noch hieltyd net dúdlik wa't de kommende jierren it busferfier yn Fryslân fersoargje sil. Qbuzz hat de foarkar fan de provinsje, mar Arriva makket beswier. Se fleane inoar yn 't hier, mar oer de reizger en bussjauffeur wurdt net praat.
It sil noait barre dat Qbuzz en Arriva bêste maten wurde yn it iepenbierferfierlân. By ferskate konsesjes hawwe de ferfierders al mei de hollen foarinoar oer stien. En dat is yn Fryslân net oars.
Want fan de ein fan dit jier ôf fersoarget Qbuzz it busferfier yn Fryslân. Alteast, dat is de foarkar fan de provinsje.
Nei in ynskriuwtrajekt blykt it plan fan Qbuzz neffens it provinsjebestjoer it bêste. Mar de oare partijen, Arriva en EBS, meie dat bestride.
De harksit fan de beswierkommisje
De harksit fan de beswierkommisje © Omrop Fryslân
Arriva hat úteinlik beswier yntsjinne: se ferlieze in grutte konsesje en wolle der alles oan dwaan om dat beslút noch om te draaien.
Neffens saakkundigen docht it ferlies fan Fryslân flink sear by de ferfierder. It haadkantoar sit ommers op It Hearrenfean. En in grut part fan de organisaasje, ynklusyf baas Anne Hettinga, hat Fryske roots.

'Welles-nietes'

Mar de harksit dêr't de beswieren besprutsen wurde, ferfalt al gau yn in 'welles-nietes'-diskusje. Arriva fynt dat it proses net goed gien is, de provinsje en Qbuzz fine fan wol.
Arriva tinkt dat Qbuzz syn plannen net wiermeitsje kin, omdat it bedriuw net genôch sjauffeurs fine kinne soe. Qbuzz fynt fan wol en seit dat Arriva itselde probleem hat. Ensafuorthinne.
Je hoort de woorden 'reizger' en 'buschauffeur' eigenlijk niet.
Fakbûnsbestjoerder Edwin Kuiper fan FNV
It is krimmenearderij dy't FNV-regiobestjoerder Edwin Kuiper al faker sjoen hat. Hy fiert petearen mei de ferfierders út namme fan de bussjauffeurs.
"Het gaat heel veel over procedures en juridische zaken. Maar de woorden 'reiziger' en 'buschauffeur' hoor je eigenlijk niet. En daar gaat het om."

Dúdlikens foar reizger en bussjauffeur

Dochs is Kuiper wol fernuvere oer hoe't it mieningsferskillen by de beswierkommisje nei foaren komme.
"Het gaat hier wel hard tegen hard. Ik heb het gevoel dat de partijen er alles aan gelegen is om elkaar zwart te maken en de concessie binnen te halen." En dat is net goed foar de reizger en de bussjauffeurs, seit Kuiper.
"Wij willen als vakbonden graag met de nieuwe vervoerder om tafel om de nieuwe arbeidsvoorwaarden te bespreken. Voor reizgers is het belangrijk dat alles startklaar wordt gemaakt voor het startpunt in december. Hoe sneller de vervoerder de dienstregeling op kan zetten, hoe beter."
Edwin Kuiper fan de FNV by in eardere staking
Edwin Kuiper fan de FNV by in staking © Omrop Fryslân
Kuiper wol graach dat de bussjauffeurs dúdlikens krije. "Je gaat ervan uit dat ze gaan zorgen voor een soepele overgang van de buschauffeurs", seit er twiveljend.
"Ik heb net het traject gehad in Twente, daar ging de overgang van de concessie ook stroef. Ik hoop dat dat niet gebeurt in Fryslân."
Mar dizze gearkomste stimt net optimistysk, fynt de fakbûnsbestjoerder. "Nee, nee, nee. We zaten hier met een aantal mensen in de zaal en hebben elkaar regelmatig aangekeken. 'Wat gebeurt hier allemaal?' Daar krijg je wel een beetje twijfel van. Laten we hopen dat het snel afgetikt wordt."
Als je niet tijdig alles op orde hebt, is de reiziger daar de dupe van.
Willem Albert Roos fan reizgersorganisaasje ROCOV Fryslân
Nei alle gedachten leit der begjin juny in advys fan de beswierkommisje, dêr't it provinsjebestjoer dan wer in beslút oernimt. Mei in bytsje tsjinslach leit der pas tsjin july dus in definityf beslút. Wylst al yn oktober bekend makke is dat Qbuzz de ferfierder wurdt.
Der moat gau wat gebeure, fynt Willem Albert Roos fan reizgersorganisaasje ROCOV Fryslân.
"Ze moeten nieuwe bussen hebben, de nieuwe dienstregeling opstellen en genoeg chauffeurs aannemen. Als je dat niet tijdig hebt, wordt de reiziger daar de dupe van. Maar ze moeten ook met ons adviestrajecten in gaan. De tijdsdruk is hoog."

Neat dúdlik

Qbuzz hat foar 40 miljoen euro oan bussen besteld. En de organisaasje seit al in ein op wei te wêzen mei it oanlûken fan genôch sjauffeurs.
Mar ROCOV is noch net yn petear mei de ferfierder. "Wij willen weten hoe ze het gaan doen en wat voor ons de plussen en de minnen zijn", seit Roos.
Want op dit stuit is der oer de plannen net in soad dúdlikens. De plannen binne noch geheim, omdat it proses noch net klear is.
"Inhoudelijk weten we nu nog niks", seit Roos. "Bij de gunning is gezegd dat Qbuzz meer biedt dan wat er nu rijdt. Als ze dat waarmaken, is dat goed voor de reiziger. We willen zien hoe ze dat doen."
Deputearre Matthijs de Vries (CU) en Annemarie Zuidberg fan Qbuzz
Annemarie Zuidberg fan Qbuzz en deputearre Matthijs de Vries by de bekendmakking yn oktober © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It liket der yn alle gefallen op dat Qbuzz de konsesje wol hâlde sil. En dat makket benammen foar Arriva de druven soer. By it ynleverjen fan de plannen is de ferfierder nammentlik ien A4'ke fergetten.
Krúsjaal, seit de ferfierder. Oars hie de beoardieling better west. Mar de beoardielingskommisje fan de provinsje is der dúdlik oer: te let is te let.
De fraach bliuwt fansels oft sa'n A4'ke dan dochs net meinaam wurde moat, sadat écht alle opsjes foar de reizgers op tafel lizze. Mar dat stasjon is neffens Roos al passearre. "Wat voor traject ga je dan weer in? Dat gaat ook weer tijd kosten. Het is belangrijk dat er snel duidelijkheid is."
Qbuzz hat sels ek beswier makke tsjin it beslút fan de provinsje. Sy fine dat op guon saken de beoardieling fan de provinsje te leech is, dat wolle se oanskerpe hawwe. Op it earste each opmerklik, want se hawwe de konsesje ommers krigen.
Mar mear as in strategyske set is it net. It liket derop dat Qbuzz har eigen beoardieling opheegje wol. Dan is de kâns dat Arriva by in suksesfol beswier asnoch de bêste beoardieling hat, krekt wat lytser.