Ljouwert siket útnaaide waskbearen: dit binne de lessen út Limburch

In waskbear by it nekfel
In waskbear by it nekfel © ANP
Ljouwert hat de jacht op njoggen útnaaide waskbearen iepene. De bisten ûntsnapten tiisdei út bistetún AquaZoo. Mar hoe fangst no in waskbear?
It is net de earste kear dat der waskbearen ûntsnappe út in bisteferbliuw. Yn augustus 2020 wiene der fiif waskbearen dy't Wildlands Adventure Zoo yn Emmen ferlieten.
It bistepark gie derfan út dat de fiif miste waskbearen út it bûtenferbliuw klommen wiene. Om se te fangen, pleatste de bistetún yn en om it terrein sa'n 20 ferskûle fangkoaien mei fleis, fisk en fûgelte. Ek de diere-ambulânse waard ynskeakele.
De situaasje yn Emmen lit mar sjen hoe dreech it fangen is
De situaasje yn Emmen lit mar sjen hoe dreech it fangen is © ANP
De bistetún hie yn 't earstoan goede hoop, want waskbearen hawwe amper natuerlike fijannen en kinne goed oerlibje yn it Nederlânske klimaat.
Dochs wie de oanpak net suksesfol, want in healjier letter ûntbruts noch elts spoar.

Limburch hat ûnderfining

In Nederlânske provinsje mei écht in soad ûnderfining mei waskbearen, is Limburch. Der ûntstie sels in echte populaasje: yn 2018 waard der rûsd dat dêr wol sa'n 50 oant 100 waskbearen libben, foaral yn de omkriten fan Sittard.
De waskbear heart hjir fan oarsprong net. De soart bedarre mear as fyftich jier lyn út Noard-Amearika yn Europa. It bist wurdt hjir sjoen as 'ynvasive eksoat'. Dochs is de waskbear yn hiel Europa dwaande mei in opmars.
De Europeeske Uny wol dan ek dat de bistesoart aktyf bestriden wurdt, om mear populaasjes foar te kommen. De ûntsnapte waskbearen fan Ljouwert kinne gjin populaasje foarmje, om't se al kastrearre en sterilisearre binne.
De provinsje Limburch hat opdracht jûn oan de Zoogdiervereniging om út te sykjen hoe't waskbearen it bêste bestriden wurde kinne. Yn 2021 resultearre dat yn in rapport.
In waskbear op frije fuotten
In waskbear op frije fuotten © ANP
"Het bestrijden van wasberen is niet eenvoudig en vergt een lange adem", konkludearren de saakkundigen. Mar dochs hawwe se de populaasje lytser krigen. Wat binne de lessen út Limburch?

Ynrinfallen

Yn it gefal fan Limburch waarden ynrinfallen pleatst op lokaasjes dêr't de oanwêzigens fan de waskbear fêststeld wie. Yn de fallen wie in blikje sardinen delset as lokies, oanfolle mei hûnefretten en drûge abrikoazen. Letter waarden sels marshmallows brûkt.
Regionale omrop L1 makke yn 2019 dizze reportaazje oer it fangen fan waskbearen:
Limburch makke fiif jier lyn in plan om waskbearen te fangen
De fallen stiene benammen yn boskgebiet, by wetterstreamen of plassen. Se waarden ek by wyldwiksels pleatst. Op guon plakken kamen der ek kamera's by om de oanwêzigens fan waskbearen fêst te stellen.
Earst waarden houten ynrinfallen brûkt, mar úteinlik stapte men oer op gaas. De houten fallen wiene nammentlik folle swierder en it hout koe troch de fochtige omjouwing ek nochris útsette.
Op de fallen siet in alarm, wêrmei't in fangteam fuortendaalks in melding krige as in falle ticht wie. Dêrtroch koene oare bisten ek rap wer frijlitten wurde as sy by fersin yn de falle kamen.
In waskbear oan it poatsjebaaien
In waskbear oan it poatsjebaaien © ANP
As der in eksimplaar fongen wie, waard dy sa gau as mooglik ophelle en mei in reiskoai mei wetter en iten nei Stichting AAP brocht. De meiwurkers dêr soargen dat it bist fersoarge waard en in nij plak krige.

Rottefallen en strûpen

Der waard ek gearwurke mei it Limburchske wetterskip, want it wetterskip fûn geregeld in waskbear by it fangen fan bever- en muskusrotten.
It aktyf sykjen nei spoaren kin ek helpe, konkludearren de Limburgers.
De waskbear libbet gewoanwei yn boskeftige gebieten yn de omkriten fan wetter. It is in nachtbist mei in ferburgen libben. De waskbear makket net in soad lûd, mar de spoaren binne wol goed te werkennen troch in typearjende fuotprint.
It is in allesiter, dy't meast allinne libbet. Se kinne yn huzen komme, jiskefetten leechhelje en lytse bisten deameitsje. De waskbear kin dêrtroch ek in bedriging foarmje foar lânseigen soarten.
In oar fangmiddel soe de saneamde 'EGG-trap' wêze kinne. Dat is in poatstrûp dy't ûnder oare yn Noard-Amearika wol brûkt wurdt by waskbearen en dy't ek yn Europa tastien is.

Sjitte en ferdôvje

Yn guon spesifike gebieten waard in ûntheffing ferliend om waskbearen deameitsje te litten troch de Faunabeheereenheid, as sy net fongen wurde koene. Mar yn de praktyk hat dat net plakfûn.
Fierder soe ûndersocht wurde moatte oft in ferdôvingsgewear effektyf is, konkludearre men. Punt is wol dat der regels en in priiskaartsje sitte oan it ynskeakeljen fan in bistedokter mei in 'sjitfergunning'.
Bistepark AquaZoo (argyfbyld)
Bistepark AquaZoo © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
By Ljouwert waarden tiisdei twa fan de alve útnaaide waskbearen weromfûn. Dy binne ferdôve en wer nei it eigen ferbliuw brocht. Mar de oare njoggen binne noch hieltyd poater.
It sykgebiet is grut, want se kinne maklik it stek fan AquaZoo oer. It bistepark freget eltsenien dan ek om alert te wêzen.