Boerekollektyf krijt 140.000 euro om winsken fan boeren te keppeljen oan natuer

It kûliselânskip mei syn houtwâlen en elzesingels bewarret in soad bysûndere soarten yn de Wâlden
It kûliselânskip mei syn houtwâlen en elzesingels bewarret in soad bysûndere soarten yn de Wâlden © Omrop Fryslân
It agraryske kollektyf Noardlike Fryske Wâlden krijt 140.000 euro fan de provinsje om in plan op te stellen foar de werynrjochting fan it lanlik gebiet. Yn it plan wurde de winsken fan boeren keppele oan easken foar de natuer.
Mei de proef wol de provinsje sjen oft plannen út de mienskip meihelpe kinne by it heljen fan de doelen fan it Fries Programma Landelijk Gebied (FPLG). Dat is de Fryske fertaling fan in nasjonaal plan, dat mei op de aginda kaam is troch de stikstofproblematyk.
"Wat binne de mooglikheden, wat wolle de agrariërs en hoe kinne se bydrage oan de doelen fan it FPLG", seit deputearre Femke Wiersma oer de subsydzje oan it kollektyf.

Achthûndert boeren

By de Noardlike Fryske Wâlden binne achthûndert boeren oansletten. Sy foarmje ûngefear 80 prosint fan alle agrariërs yn it gebiet.
As it kollektyf mei in goed plan komt foar it lanlik gebiet, dan wol de provinsje dat ek yn oare regio's fan Fryslân stimulearje.
It is neffens Wiersma fan belang dat de ideeën "fan ûnderop" komme. Se wol dat ek oare partijen, dus net allinnich boere-organisaasjes, by de plannen belutsen wurde.