NAM leveret ekstra gegevens oer gaswinning en hopet noch op fergunning foar 'Ternaard'

Ternaardkust1
De Waadkust by Ternaard © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) hat gegevens oer minder gaswinning by Ternaard oanlevere by it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Dêrmei besiket it bedriuw dochs in fergunning te krijen om nei gas te boarjen ûnder de Waadsee.
Dat befêstiget in wurdfierder fan it ministearje nei fragen fan Omrop Fryslân.
Begjin maart krige de NAM te hearren dat se foarearst gjin fergunning krije foar it boarjen nei gas ûnder it Waad. Neffens steatssekretaris Hans Vijlbrief binne de risiko's foar it gebiet te grut. Dat hat benammen te krijgen mei boaiemdelgong as gefolch fan gasboarrings, yn kombinaasje mei in stiging fan de seespegel.
Vijlbrief folget dêrmei in advys fan it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM), dat earder oanjûn hat te grutte risiko's te sjen yn gaswinning.
Wol krige de NAM noch in kâns om oanfoljende gegevens oan te leverjen. Dêrmei moast it bedriuw oantoane dat der by minder gaswinning gjin neidielige gefolgen foar de Waadsee binne.

Wachtsje op nij advys en beslút

De oanlevere gegevens binne troch it ministearje yntusken trochstjoerd nei ûndersyksburo TNO, it SodM en de Mijnraad. Harren is frege om nei oanlieding fan de gegevens advys út te bringen. It is net bekend hoelang't de trije organisaasjes nedich ha om mei sa'n advys te kommen.
"We hebben hen verzocht hier snel naar te kijken", is it iennichste wat in wurdfierder fan it ministearje dêroer kwyt wol. Wannear't it ministearje in definityf beslút nimt oangeande Ternaard is op dit stuit net dúdlik.