De toan fan Froukje Sijtsma: "Hege need"

Froukje Sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"'Ik denk dat ik je plastuiten voor je verjaardag geef', laket myn freondinne Daniëlle.
Gauris geane wy tegearre in blok om of in ein te draven, mar diskear hienen wy ôfpraat in wat langere ôfstân te rinnen. Ek mei de Slachtemaraton yn de efterholle, dêr't ik foar traine moat.
De toan fan Froukje Sijtsma
By ús yn de wenwyk bist al rillegau de stêd út en rinst tusken de lannen. We wienen noch mar kwealik by it Alddiel, doe't ik my begûn ôf te freegjen oft wy ûnderweis eins wol in húske tsjinkomme soenen.
Ik fielde myn blaas noch net, mar fan de gedachte allinnich al dat der de kommende tsien kilometer gjin iepenbiere sanitêre stop wêze soe, waard ik al wat senuweftich.
'Je kunt altijd in de bosjes gaan toch?', oppere myn freondinne. Mar ik seach allinnich mar beammen en struken yn de knop.
Yn de fierte seach ik by Lytse Geast al in pear pleatskes. It like my yn dat gefal better om in boer te freegjen oft ik syn jarreput ek wat oanlinge mocht.
Underwylst hearde ik yn myn rêchsek de ynhâld fan myn termoskanne hinne en wer klotsen. Ik hie in liter kofje mei opwaarme molke makke, om't ek dêr ûnderweis gjin gelegenheid ta wie. It like my baas om dy earst mar yn de tas te litten.
Op myn telefoan tsjekte ik oft der ûnderweis miskien ek Rêstpunten oanmeld wienen: adreskes fan minsken mei in picknicktafel, dêr't je ek fuort ôfwetterje kinne. Dy hienen se net. Yn it slimste gefal soe ik oars in leaf bepke oansprekke kinne.
We rûnen fierder nei Tytsjerk. In slanke tsjerke mei in rom bygebou ferskynde oan de hoarizon. 'By God kun je altijd terrecht, toch?", sei Daniëlle.
Ik antwurde dat hy grif alles oangripe soe om har as heiden dêr binnen te krijen. Mar God joech dy moarn net thús. En ek syn kaaihâlder net.
Troch it hiele doarp wienen manlju yn oranje heskes oan it wurk. Kabels lûke foar glêsfezel of soks. Ik frege my oft wêr't sy harren kofje lieten.
Gjin dixi te bekennen. En oars hie ik 'm tink ek oerslein. Daniëlle stelde foar om efkes by de lokale oaljehanneler te sjen, dêr't se simmers altyd gasflessen keapet. Yn de wurkpleats wie de baas oan it wurk en hy seach net nuver op fan de fraach. Hy wiisde it lytste keammerke fuort oan.
Ferromme waske ik myn hannen yn de bykeuken, dêr't tekeningen en oare nifelwurkjes fan de pakesizzers hongen. Ientsje sprong derút. In lyts gedichtsje:
Lichtpuntjes
Soms zijn ze groot
Soms zijn ze klein
Je hoeft ze niet te zoeken
Want je kunt ze ook zijn
De oaljehanneler, myn punt fan ferlichting, winske ús noch in moaie dei ta en sei dat de sanitêre stop foar de folgjende kuier dan no bekend wie."