Explore the North hat poadium yn Westertsjerke Ljouwert: “We hebben een huis”

Podium Explore
Podium Explore © Afrida Adema
De Westertsjerke yn Ljouwert - it âlde Poppodium Romein - wurdt 'Podium Explore'. Festival Explore the North nimt de lokaasje oer fan de twa kulturele ûndernimmers dy't der in kultureel brûsplak fan meitsje woenen.
Der wurdt foarearst eltse freed programmearre. Explore the North rjochtet him foaral op taal en literatuer. Mar by dit inisjatyf giet net allinnich om optredens út Explore the North wei, mar ek om oare poadiumkeunsten út in breder kultureel spektrum.
"Er komen ook andere partijen hier om iets te laten zien. Het past wel bij wat Explore ook doet, maar het is breed. Het moet een broedplaats zijn voor makers", fertelt Marleen Nagtegaal, artistyk lieder fan festival Explore the North.
Podium Explore
Podium Explore © Xanne Vera
"We willen van het pand een open plek maken waar iedereen terecht kan", seit Nagtegaal. "Iedere vrijdag gaan we programmeren. We trappen af op 19 april met een voorstelling van De Poezieboys. Maar ook lekker lunchen en dineren, voor wie dat wil. Er is van alles te doen en te beleven."

Mear as dat

Explore the North stiet bekend as festival dat alle jierren yn Ljouwert holden wurdt, mar it is mear as dat. "Explore te North is een festival en productiehuis met als signatuur literatuur, taal en podiumkunsten in de brede zin van het woord."
De lêste jierren hat de organisaasje him ûntwikkele ta produksjehûs, dêr't it hiele jier troch fan alles makke wurdt. En no dus mei eigen poadium.
Kafee Westertsjerke
Kafee Westertsjerke © Denise Amber
"We hebben nu een huis. Dat is heel belangrijk. Het maakt onze organisatie steviger, we kunnen iedereen uitnodigen en er is reuring. Het pand leeft weer", seit Nagtegaal.

In grutter poadium

Mar it moat net allinnich in poadium wurde foar Explore the North. "Ook partners en andere makers kunnen hier terecht. Het moet wel passen bij Explore the North, maar dat is heel breed. Zo werken we samen met VDHG, Keunstwurk en City of Literature", jout se oan.
Sa is der yn maaie de foarstelling Dood Paard te sjen, ûnderdiel fan it ynternasjonale festival PAFF fan De Harmonie. Ek is der plak foar de jonge makkers út it noarden fan Broeikas.
Ik hoop dat we intieme en gekke verhalen kunnen laten zien waarbij de hele stad betrokken is.
Marleen Nagtegaal, artistyk lieder Explore the North
It is de bedoeling dat der yn de takomst ek op oare dagen plak is foar aktiviteiten. "Ik hoop dat iedereen zich hier thuis gaat voelen en dat we intieme en gekke verhalen kunnen laten zien waarbij de hele stad betrokken is."