Legionella oantroffen yn dûsen by swimbad Kalverdijkje yn Ljouwert

Dûs, dûsen
Ofbylding as yllustraasje © Shutterstock
Besikers fan swimbad Kalverdijkje yn Ljouwert kinne efkes net mear dûse. De baktearje legionella is dêr oantroffen.
Under in reguliere kontrôle fan 14 maart is in ferhege wearde fan de baktearje fûn. De dûsen binne dêrom op it stuit ticht.
Legionella komt foar yn opperflaktewetter. Meastentiids sa beperkt dat it gjin ynfeksje feroarsaket by de minsk. As de baktearje him lykwols fermearderet kin it in probleem opsmite. Dat bart yn stilsteand wetter by in temperatuer tusken de 20 en 50 graden.

Untsmette

Minsken kinne siik wurde fan in legionella-besmetting mar it hoecht net. Klachten nei in besmetting kinne wêze: ferkâldheid, koarts, hoastjen en spierpine. As de baktearje yn de longen komt, kin dat ek liede ta in longûntstekking.
Sporthal Kealledykje yn Ljouwert
Sporthal Kalverdijkje yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De technyske tsjinst fan it swimbad hat de liedingen gemysk en termysk ûntsmet. Dizze wike sil opnij in meunster naam wurde. As dy skjin liket te wêzen kin de dûsromte pas wer iepen.
It swimbad sil it 'legionellabehearsplan' evaluearje om de kâns op besmetting yn de takomst foar te kommen.