HEA! 180 jier tradysje yn Akkrum

HEA! Palmpeaske-optocht
Al 180 jier wurdt yn Akkrum tradisjoneel de Palmpeaske-optocht rûn. Sa wurdt de yntocht fan Jezus yn Jeruzalim fierd, mar ek it begjin fan de maitiid.
Hûnderten bern rinne mei harren selsmakke Palmpeaskestokken achter it korps oan troch it doarp. De stokken binne fersierd mei fruchten, slingers, snobbersguod en boppe-op in hoantsje fan bôle.
De hoantsjes ha de bern sels bakt by Bakker Boonstra en by in workshop op skoalle ha se Palmpeaskestokken makke. De optocht giet earst nei fersoargingshûs Leppehiem, dêr't de bern harren fersierde stokken sjen litte en tradisjonele ferskes sjonge.