Liveblog | 26 maart

112-nijs 26 maart: Ungelok op A7 by Snits | Motor en auto botse yn Drachtsterkompenije

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 26 maart, 19:59
19:59

Ungelok op A7 by Snits

Ungelok A7
Kop-sturtbotsing op de A7 by Snits © ProNews Producties
By in kop-sturtbotsing tusken twa auto's op de A7 by Snits binne twa minsken ferwûne rekke. De slachtoffers binne nei it sikehûs oerbrocht.
It ûngelok barde op it plak dêr't stadiger riden wurde moat, fanwegen wurk by it akwadukt. De skea oan de auto's wie grut. Se moasten fuorthelle wurde troch in berger.
19:41

Botsing tusken motor en auto yn Drachtsterkompenije

Yn Drachtsterkompenije hat in botsing west tusken in motor en in auto. Mearder ambulânsen en in traumahelikopter waarden oproppen om help te ferlienen. Troch de klap bedarre de auto yn in sleat neist de dyk. Der is net bekend makke hoe't it mei de motorrider en de automobilist giet.
18:11

Brânwachten ride út foar wenningbrân yn Stiens

De brânwacht
De brânwacht © AS Media
Yn Stiens is de brânwacht útriden foar in brân oan de Noardkromp. De brân siet yn de nok fan in wenning. De brânwacht skaalde op nei middelbrân en njonken de brânwacht fan Stiens ried ek dy fan Ljouwert út. O
m 18.40 hinne wie it fjoer wer út. Troch it rappe hanneljen fan de brânwacht koe slimmer foarkaam wurde. It hûs hat reek - en wetterskea oprûn. Der binne gjin ferwûnen fallen.
16:38

Motorriders ferwûne yn Burgum en Akkrum

By ûngelokken yn Burgum en Akkrum binne motorriders ferwûne rekke. Se binne nei it sikehûs brocht.
Yn Burgum gong in motorrider yn de bocht fan de Ymkerstrjitte ûnderút. Omstanners ha earste help ferliend, dêrnei hat in ambulânse de man nei it sikehûs ta brocht.
Yn Akkrum rekke in motorrider ferwûne by in ûngelok op de krusing fan de Alde Rykswei en It Patroan. Hoe't dat gebeure koe, is net dúdlilk.
16:20

Drint (18) mishannelet skieds- en grinsrjochter by frouljuswedstriid yn Wynjewâld

orange
De grinsrjochter hat psychysk lang te lijen hân © Orange Pictures
In man fan 18 út Sleen (Drinte) is feroardiele ta in wurkstraf fan hûndert oeren, wêrfan de helte ûnder betingst. Hy mishannele jannewaris ferline jier by in fuotbalwedstriid yn Wynjewâld in skiedsrjochter en de klupgrinsrjochter fan thúsklup ODV. Dy spile tsjin SVO BDE út Emmen.
De man wie flak foar de ein it fjild op stoarme, doe't it 2-6 stie. Syn freondinne hie op it fjild spul krigen mei ien fan de tsjinstanner. Beide spylsters waarden fan it fjild stjoerd. De Drint joech doe de skiedsrjochter in fûstslach yn it gesicht. Doe't de grinsrjochter yngripe woe, krige dy in kopstjit.
Harsenskodding en psychysk lang lest
De earste hie in harsenskodding, de oar in bulte op 'e foarholle, pineholle en lest fan 'e nekke. De grinsrjochter hat ek psychysk lang te lijen hân.
De rjochter bepaalde dat de fertochte oan beide manlju smertejild betelje moat: 750 euro oan de skiedsrjochter en 500 oan de grinsrjochter. By de plysje hie de man ferklearre dat er út selsferdigening hannele.
De eask fan de offisier fan justysje - 100 oeren wurkstraf, de helte ûnder betingst - is oernaam troch de rjochter.
15:10

Treinsteuring wer foarby

Nei in goed oere steuring nimt de fertraging op it spoartrajekt tusken Ljouwert en Hurdegaryp wer ôf. It is de bedoeling dat de treinen om 15.15 oere hinne wer normaal ride. Neffens de NS binne de beheiningen troch de seinsteuring foarby.