Flylân wol langer toeristysk seizoen en is benaud foar 'oar type gast'

Vlieland, Flylàn
Flylân fanút de loft © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Flylân wol it toeristeseizoen langer meitsje troch mear 55-plussers te lûken. De hoareka kin sa personiel langer fêsthâlde, al is der ek eangst foar minder respektfolle gasten.
Dat stiet yn nij belied oer hoe't it eilân mei toerisme omgiet. De gemeenteried fan it eilân hat dat belied moandeitejûn fêststeld.
Ien fan de kânsen dy't Flylân oanpakke wol is de fergrizing. 55-plussers geane der hieltyd faker op út. Dy groep is net bûn oan skoalfakânsjes en kin dêrtroch it hiele jier nei it eilân komme. As minsken mear ferspraat troch it jier hinne komme, kinne ûndernimmers langer personiel fêsthâlde.
Vlieland, Flylàn
Toeristen kuierje fan de boat op Flylân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Hoewol't de eilanners de foardielen en it belang fan toerisme sjogge, ha sy ek soargen en sjogge sy de neidielen. Sa wrakselet it eilân mei de komst fan in 'oar type gast'. De gemeente bedoelt dêrmei rikere minsken mei in minder freonlike hâlding. It ropt de fraach op watfoar type gast Flylân ûntfange wol.
Troch de komst fan minsken dy't mear te besteegjen hawwe, binne ek de prizen flink omheech gien. Dat soarget derfoar dat de jongerein fuortbliuwt en in nije generaasje net yn 'e kunde komt mei it eilân. Mar ek eilanners sels hawwe úteinlik lêst fan de hegere prizen.
It lanlike probleem fan personielskrapte is ek noch in grutte útdaging. Dat spilet op Flylân noch mear fanwegen ferlet fan húsfesting.
Vlieland, Flylàn
Riedsgearkomste op Flylân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"Toerisme is zo belangrijk voor Vlieland dat we dit niet enkel in dit beleidsstuk kunnen vangen", neffens wethâlder Marieke Vellinga. "Onderdelen uit dit beleidsstuk nemen we mee in bijvoorbeeld het beleid op wonen op het eiland."
Alles wat de kommende jierren op Flylân besletten wurdt oer toerisme wurdt toetst op dit nije belied. "De speerpunten worden straks concrete onderdelen om mee aan de slag te gaan", sei Vellinga. Op dy wize moat it nije belied op Flylân de kommende tiid sichtber wurde.