Liveblog | 25 maart

112-nijs 25 maart: Man (37) oppakt foar stekynsidint Ljouwert, ien persoan ferwûne

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 25 maart, 21:23
21:23

37-jierrige man oanhâlden foar stekynsidint

De plysje hat in 37-jierrige man út Ljouwert oanhâlden foar mooglike belutsenheid by it stekynsidint oan de Oostergoweg.
20:11

Ferwûne by stekynsidint yn Ljouwert

stekynsidint, Ljouwert
De plysje hat in part fan de dyk ôfset © Kappers Media
By in stekynsidint oan de Oostergoweg yn Ljouwert is fan 'e jûn in persoan ferwûne rekke. Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik.
De plysje hat in part fan de strjitte ôfset en is in ûndersyk begûn. Der is noch gjinien oanhâlden.
It ynsidint soe plakfûn ha yn in appartemint, yn it gebou dêr't ek de nachtopfang fan Wender sit.
19:31

Kat falt út beam by rêdingsaksje yn Appelskea

kat, Appelskea
De brânwachtman en de kat yn de beam © BTBfotografie
Yn Appelskea is fan 'e jûn in kat út in beam fallen by in rêdingsaksje fan de brânwacht. De brânwacht krige krekt nei 18.00 oere in melding en ried út nei in wenning oan de Vaart Noordzijde. Dêr blykte in kat heech yn in beam fêst te sitten.
In brânwachtman klom op 'e ljedder, mar doe't dy boppe wie, foel de kat op flinke hichte út de beam. Foar safier bekend is de kat lykwols net ferwûne rekke.
16:02

Wurkstraf foar bedriging mei luchtdrukpistoal

In 50-jierrige man út Drachten hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen, omdat er as bemanningslid fan in brune floatskip minsken op oare skippen bedrige en útskolden hat. De man hie tefolle dronken en makke mei wat maten flink wat leven. Minsken fan oare skippen klagen deroer en sy krigen de wyn fan foaren.
In frou dy't har hûn útliet, waard bedrige mei in luchtdrukpistoal. By syn oanhâlding fersette de fertochte him en skold er de plysjes út. De man hat spyt fan syn gedrach en seit dat er graach in wurkstraf dwaan wol, omdat er wat werom dwaan wol.
10:23

Oanriding tusken auto en fyts yn Ljouwert

De helptsjinsten op it plak fan de oanriding
De helptsjinsten op it plak fan de oanriding © Kappers Media
Op de Jelsumerstrjitte yn Ljouwert is in frou op in fyts yn botsing kaam mei in auto. Sy fytste op it fytspaad doe't in auto de dyk op ried. Sy bedarre tsjin de sydkant fan de auto en foel.
De frou is troch ambulânsepersoaniel behannele. It foartsjil fan de fyts wie aardich ferbûgd. De plysje hat it ûngelok fierder ôfhannele.
08:58

Amsterdammer sûnder rydbewiis oppakt yn Ljouwert

Yn Ljouwert is snein in 36-jierrige Amsterdammer oanholden. De man siet sûnder rydbewiis efter it stjoer. De plysje hat him oan de Heliconweg oan de kant set. It die bliken dat de man ek ûnder ynfloed wie fan kannabis en kokaïne. De man is meinaam nei it plysjeburo om bloed ôf te nimmen.
Fierder die bliken dat de man noch in boete iepen stean hie. De man koe it bedrach net betelje en sit dêrom de kommende wike fêst. It wie al de fjirde kear dat de man betrape waard op it riden sûnder rydbewiis. Dêrom is ek de auto yn beslach naam en in proses-ferbaal opmakke.