F-35 kin stiller omheech op fleanbasis Ljouwert: "Mar gjin bergen winst ferwachtsje”

In F-35 giet de loft yn
In F-35 giet de loft yn © ANP
Lûdsoerlêst foar de omjouwing fan de fleanbasis kin minder wurde, as de F-35 op in oare wize omheech fleant. Dat seit de kommandant van de fleanbasis.
"We hebben een manier gevonden om met vertrek op een stillere manier weg te vliegen", seit basiskommandant Johan van Deventer op Radio 1. "Bij het landen lukt dat nog niet."
Johan van Deventer
Johan van Deventer © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Mei in saneamd 'lûdsmjitnet' is der twa jier lang ûndersyk dien nei it lûd dat yn de omjouwing fan de fleanbasis te hearren is. Kommende tongersdei wurde de resultaten bepraat mei de omwenners.
Ien fan dy omwenners is Geert Verf fan it doarpsbelang yn Marsum. Hy wennet al mear as 40 jier yn de omkriten fan de basis en hy is bliid mei it ûndersyk.
Voor mij is het 'the sound of freedom'.
Johan van Deventer oer it lûd fan de F-35
"Der hat noch noait sa'n grut ûndersyk west om de lûdsoerlêst te beheinen", seit Verf. "Eartiids wie alles geheim, doe mochten we net iens witte wannear't se fleagen. No is it folle transparanter."
It is noch te betiid echt wat te sizzen oer de resultaten, seit er. "We moatte de gegevens noch bestudearje, ek de effekten op de fierdere omjouwing. It giet net allinne om Marsum."
In F-35 op de fleanbasis fan Ljouwert
In F-35 op de fleanbasis fan Ljouwert © Frans Berkelaar
Verf sjocht de útkomst mei fertrouwen yn 'e mjitte. "Mar we moatte gjin bergen winst ferwachtsje. De F-35 makket in soad lûd en dat bliuwt sa."

'The sound of freedom'

Op de radio erkende de basiskommandant dat. Mar dy genietet fan it lûd, seit er. "Voor mij is het 'the sound of freedom', ik vind het mooi."
"Maar we vliegen niet omdat het mooi is, maar om Nederland en Europa veilig te houden. En ik besef me goed dat dat overlast geeft voor onze buren."