Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters kinne nei hast fiif wiken wer ris laitsje

Cambuur Sjoernaal
Cambuur Sjoernaal © Dijks Media / Omrop Fryslân
Hast fiif wiken sieten spilers en trainers fan SC Cambuur sûnder oerwinning. Mar oan dy puntedrûchte is in ein kaam troch de 1-0-oerwinning op Telstar sneontejûn. It nije systeem mei fiif ferdigeners die wat dat oanbelanget fertuten.
In oantreklike wedstriid wie it lykwols net. Ek Telstar spile mei fiif ferdigeners. Dochs wist Cambuur der in oantal kear trochhinne te kommen. De oerwinning betsjut dat de Ljouwerters ek wer in kear de nul hâlde. Dat is foar it earst sûnt heal desimber.
Alles oer Cambuur-Telstar yn it Cambuur Sjoernaal:
Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters kinne nei hast fiif wiken wer ris laitsje