Amateurwedstriid staakt nei beskuldiging fan rasisme

orange
Ien fan de spilers krige in reade kaart © Orange Pictures
De amateurwedstriid tusken de fuotbalploegen fan SC Frjentsjer en LAC Frisia út Ljouwert is staakt nei in rasistyske opmerking fan ien fan de spilers. Dat seit de foarsitter fan LAC Frisia, Martijn Hoekstra.
"Onze speler werd racistisch bejegend. Eén van zijn teamgenoten reageerde daarop door degene die deze opmerking maakte een duw te geven. Hij kreeg een rode kaart. Daarna zijn onze spelers van het veld gestapt."
Het is helder, racisme tolereren wij niet.
Martijn Hoekstra
It bestjoer fan de Ljouwerter fuotbalklup stiet achter de spilers, seit de foarsitter. "Het is helder, racisme tolereren wij niet." Omrop Fryslân hat meardere kearen kontakt socht mei SC Frjentsjer, mar dy klup nimt de telefoan net op.
De foarsitter wol net sizze wat der krekt sein is op it fuotbalfjild. En Frjentsjer ûntkent dat der sprake wie fan in rasistyske opmerking, seit Hoekstra.
"Maar onze speler, die een kleur heeft, voelde zich echt beledigd. En de reactie van zijn teamgenoot was duidelijk."

Wedstriid net útspile

De wedstriid, tusken de nûmers earst en lêst fan de tredde klasse B wurdt hjoed net mear útspile. Dat kin net, omdat der mear as in healoere staakt is.
"Mischien is het ook wel goed dat de wedstrijd nu niet afgemaakt wordt", seit de foarsitter. "Dan kunnen de emoties nog wat bekoelen."