Ekstra befeiligers en in oare lokaasje: Frije Cross komt werom nei Fryslân

Frije Cross
Crossers yn de baan yn Blije © Frije Cross
Sân jier nei de lêste edysje is der dit jier wer in Frije Cross yn Blije. De organisaasje wie eins net fan doel om ea wer in cross te organisearjen, mar it bloed krûpt dêr't it net gean kin.
"We ha de facebookside fan de cross altyd oerein holden, en sa no en dan set ik dêr noch in filmke op", seit Willie Boonstra fan de organisaasje. "Dêr kamen hieltyd mear fragen ûnder, fan minsken dy't in reüny wol sitten seagen."
Blije
Dizze auto koe de bocht net hâlde © Frije Cross, Klaas van der Laan
"We ha mei it âlde bestjoer om tafel west, en der wiene in pear dy't wol wer troch woene. Dus it wurdt gjin reüny, mar in echte cross."
We ha wolris ien hân dy't stie te spuien yn it rennerskertier.
Willie Boonstra
De Frije Cross is oars as oare crossen, omdat er 'frij' is: net oansletten by in oerkoepeljende organisaasje. Elkenien dy't in jildich rydbewiis hat - en in auto dy't geskikt is om te crossen - kin dus meidwaan.
"Dus ek gelegenheidskoereurs", seit Boonstra. En dy kinne foar de start noch wolris wat nerveus wêze. "We ha wolris ien hân dy't stie te spuien yn it rennerskertier, noch foardat de wedstriid begûn wie. En dêrnei mei in triljende foet op it gaspedaal. Dat is moai, jong!"
Yn 2013 seach Omrop Fryslân hoe't crossers út de bocht fleagen en yn de sleat bedarren:
De cross is dit jier op in oar plak as earder, en ek op in oare datum.
"Us slogan wie altyd: 'De moaiste sneon yn de boufak'. Mar yn de boufak is der al in oare cross. Dus we ride dit jier op 27 july. Dus no sizze we: 'De moaiste sneon foar de boufak'. Dat moat ik op de webside noch even oanpasse."

Bioferskaat net ferinnewearje

It fjild dat sân jier lyn troch de crossers brûkt waard, is dit jier net beskikber. "De boer hat der krekt allegearre blommesied ynsiedde, foar it bioferskaat. Dêr kinne wy no net trochhinne crosse, dan ferrinnewearje we de boel."
No is de cross in kilometer fierderop, op in stik lân fan deselde boer. "Dy fynt it machtich, dat crossen", seit Boonstra.
Cross
Motorriders op de baan fan Blije © Frije Cross, Klaas van der Laan
Nei sân jier is der wol wat feroare yn de organisaasje. "Alles is djoerder wurden. En we moatte ek mear befeiligers ha. De lêste kear wiene twa man genôch. No ha we der fiif nedich."

Waarsomstannichheden

De earste edysje fan de Frije Cross wie yn 2002. It begûn út need, omdat der dat jier in protte crossen skrast waarden fanwegen de wiete waarsomstannichheden. Doe kamen der sa'n 20 autocoureurs op ôf, en ien motorrider.
"Dat is unyk foar de Frije Cross. Oaren ha der gjin motors by. Dat binne autocrossen."
By de lêste edysje yn 2017, wiene der mear as 200 dielnimmers. Dêr hopet de organisaasje no wer op, al is de ynskriuwtermyn noch net úteinset. Nei alle gedachten giet de ynskriuwing in moanne yn it foar iepen. De organisaasje makket dat dan bekend op de eigen webside.
"Wy sille sjen", seit Boonstra. "Ik bin benijd."