Grutte soargen by omwenners fersmoarge wetter: "'t Foelt krekt at je op gifgrônd weune"

Janneke Tempel
Janneke Tempel © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It nijs oer de fersmoarging yn de Jelsumer- en Lytse Feart liedt ta soargen by omwenners. Janneke Tempel wennet yn it gebiet en is bot skrokken. "Dat de weerdes hier soa hoog weze souwen hadden wij niet ferwacht. Ik maak mij 'n prot sorgen."
Frou Tempel wennet der mei har man en twa dochters en in pear húsbisten. Se fielt har hieltyd minder op har gemak. "Ik twivel at ik de kines hier wel opgroeie late wil. 't Foelt krekt at je op gifgrônd weune."
Yn oktober gie harren hûn dea oan in akute fergiftiging, de hûn swom in soad yn de Lytse Feart. "En nou blykt dat al die rommel in de faart sit."
Tempel seit net dat PFOS de oarsaak is, mar it hat har wol oan it tinken set. "'t Besy at niet fan de grônd en het in de Lytse Feart swommen en d'rút dronken. Je wete niet wat foor ândere rommel d'r nag meer in sit."
Omwenners hawwe soargen oan PFOS
Tongersdei waard dúdlik dat de hege wearden PFOS net allinnich yn de Jelsumer Feart oantroffen binne, mar ek yn de Lytse Feart.
Tempel hat sels wol in fermoeden fan in oarsaak fan de fersmoarging. "Ik bin d'rfan overtuugd dat de fersmirging deur de blusmiddels fan de flygbasis komt."

Gjin fruit en aaien

It fruit yn har tún litte se tenei hingjen. "Ik dink dat alles al slim in de grônd trokken is en moeilik ferdwynt. Je krije 't nooit meer skoan."
Ek de aaien fan de piken dy't se hawwe, nimme se net mear. Tempel is bot skrokken fan de nije ûndersyksresultaten. "Ik bin wat overstuur fandaag."
De Lytse Feart
De Lytse Feart © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Oer de oarsaak fan de PFOS-fersmoariging is noch hieltyd net in soad dúdlik. De fleanbasis Ljouwert hat yn july fan 2021 wol melding makke by it Wetterskip oer PFOS yn it wetter. Dat siet yn baggerslyk. "Dy bagger is fuortbrocht", fertelt Harry Boonstra fan Wetterskip Fryslân.

Hie it oars moatten?

Der wie lykwols gjin reden om ekstra ûndersyk te dwaan. "Mei de regels fan doe wie dat genôch. It foldie oan de noarmen en mei it fuortbringen fan de bagger wie it probleem doe oplost."
It Wetterskip hat it der doe by litten. "Weromsjen is dreech mei de kennis no. It probleem is dynamysk, ik fyn it dreech om te sizzen dat wy doe oars hannelje moatten hienen."
It Wetterskip is noch dwaande om it probleem yn kaart te bringen. "Wy sille ek op oare plakken yn Fryslân PFOS-ûndersyk dwaan."
Harry Boonstra Wetterskip
Harry Boonstra fan it Wetterskip © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Boonstra kin de soargen fan omwenners net fuortnimme. "It is oan de GGD om dêr in advys oer te jaan. Wy as wetterkwaliteitsadviseurs fan it Wetterskip rjochtsje ús op it wetterlibben. Dêr ha wy noed oer."