Trije lokaasjes oanwiisd foar mooglik azc yn Dokkum, mar komst noch net wis

dokkum
Dokkum © Shutterstock.com (Sytze Freerk)
De gemeente Noardeast-Fryslân hat trije lokaasjes oanwiisd foar in mooglik azc mei 250 plakken yn Dokkum. It giet om it Kalkhuisplein, de wettertoerbuert en de buert De Trije Terpen.
Dat stiet yn in brief fan de gemeente oan de minsken dy't binnen sa'n 500 meter fan de lokaasjes wenje. De brief is yn hannen fan RTV NOF.
In ûnôfhinklik advysburo en amtners fan de gemeente ha earder sa'n tweintich lokaasjes nei foaren brocht dy't mooglik geskikt wienen. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat dêr trije lokaasjes út keazen.
KAART Mooglike lokaasjes azc Frysk
Dit binne de mooglike lokaasjes © Omrop Fryslân
"Der is troch it buro sjoen nei de beskikbere grûn en gebouwen, de ynpassing yn de wyk, de takomstplannen foar it gebiet. En bygelyks de tiid dy't nedich is om it azc op it plak te realisearjen. Dizze trije lokaasjes binne yn it besit fan de gemeente. En neffens de kritearia yn prinsipe geskikt", seit boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente.

Komst azc noch net wis

It is net sa dat der no besletten is dat op ien fan dy plakken in azc komt: begjin juny beslút de gemeenteried dêroer. Dy kin ek noch beslute dat der hielendal gjin azc yn Dokkum komt.
Omwenners kinne op 2 april op in ynformaasjegearkomste yn Theater Sense fragen stelle.
Noardeast-Fryslân is op it stuit ien fan de njoggen Fryske gemeenten dy't gjin asylsikers opfange.