Miljoenen foar ûntwikkeling fiskerij yn Noard-Nederlân

Haven lauwersoog
De haven fan Lauwerseach © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
In nij fiskpaad yn Harns, in merkplak yn Lauwerseach en in farrend erfgoedsintrum yn Dokkumer Nije Silen. Troch in ynvestearring fan miljoenen yn de fiskerij yn Noard-Nederlân kinne dy plannen samar ris werklikheid wurde.
It Ryk stekt, yn de mande mei ferskate regio's, yn totaal 80 miljoen euro yn de fiif fiskerijregio's yn it lân. Yn de regio Noard-Nederlân bedarret it jild yn alle gefallen yn de gemeente Harns en Noardeast-Fryslân.
It jild moat bedriuwen en fiskerijmienskippen perspektyf jaan, ûnderskriuwt ek minister Piet Adema fan Lânbou en Natuer. Der sit jild by foar projekten, lykas in Shrimp Innovation Center yn Harns, dat him rjochtsje moat op ynnovaasje yn ferwurking fan garnalen.

Visserij Experience

In oar útstel foar dy stêd is it oanlizzen fan in saneamd Fiskpaad. Dat paad moat by allegear erfgoed, musea en aktiviteiten del rinne om "het verhaal van de visserij te vertellen", skriuwt de gemeente Harns.
Paul Schoute, wethâlder fan dy gemeente, is wiis mei de inisjativen: "In Harlingen, Zoutkamp en Lauwersoog wordt gewerkt aan de duurzame toekomst voor de visserij. We willen de visserij nog dichter bij het publiek brengen. Door de vangst dichterbij te verwerken, te bewaren en te verkopen en door in de visserijmusea óók het verhaal van de hedendaagse visserij te delen."

't Fiskershûske

It doel foar Lauwerseach is om te soargjen foar bettere opslachkapasiteit foar skulp- en skaaldieren. Yn it plak oan de Waadsee moat ek in merkplak oprjochte wurde foar direkte ferkeap fan fisk, sa is te lêzen yn de plannen.
Museum ’t Fiskershúske
Museum ’t Fiskershúske © Wikimedia Commons
Yn Noardeast-Fryslân moatte de sinten by museum 't Fiskershûske en it garnalefabryk yn Moddergat telâne komme. Ek is der in útstel opnommen foar in farrend erfgoedsintrum yn Dokkumer Nije Silen.