Dream komt út foar Liesette Bruinsma mei blinetribune: "Wer in stap yn ynklusiviteit"

Liesette Bruinsma
Liesette Bruinsma © Orange Pictures
Mei tank oan paralympysk swimster Liesette Bruinsma komt der in blinetribune by in belangrike wedstriid yn it Eindhovense Pieter van den Hoogenband-swimstadion.
By wedstriden yn fuotbalstadions, sa as it Abe Lenstra Stadion, is der faak al in tribune foar blinen. Mei help fan in kommentator kinne minsken mei in gesichtsbeheining of minsken dy't blyn binne de wedstriid better belibje.
Bruinsma waard dêr sa entûsjast fan, dat se dit ek by swimwedstriden wol. "Ik bin wol hiel bliid dat in idee dat ik oait op in notysjeblokje hie, no útkomt", seit se.
In pear jier lyn wie se al dwaande mei it idee foar de tribune. Ienfâldich gong dat net. "It kostet wol wat. Dus bin ik oan de slach gong."

Mear as fan links nei rjochts swimme

Mei help fan Koninklijke Visio, in ekspertizesintrum foar fisueel beheinden, is it slagge om foar it earst ien dei te organisearjen mei in kommentator.
Gewoanwei is der wol in speaker of immen dy't wat útslaggen en tiden ferteld. "Mar we wolle graach wat mear as ien dy't allinnich tiden fertelt. Moatst it ek wol kinne. It is mear as allinnich mar fertelle dat de swimmer fan links nei rjochts swimt."
Liesette Bruinsma tidens in kwalifikaasjewedstriid yn Rotterdam yn 2022
Liesette Bruinsma by in kwalifikaasjewedstriid yn Rotterdam yn 2022 © Orange Pictures
Foar Bruinsma komt der nei lang ombelje en lobbye no in dream út. "Sport kin ynspirearje om te bewegen. Mar de wize wêrop't je ynspirearre wurde, is om sport te sjen. Ik ha ek in soad freonen dy't it wol belibje wolle en blyn binne. Dy kinne it no ek ris meimeitsje."

Tribune tichter by it swimbad

Op sneon 13 april is de blinetribune iepen by de Eindhoven Qualification Meet. By dit toernoai kinne swimmers, ek para-swimmers, harren pleatse foar de Olympyske Spelen en Paralympyske Spelen yn Parys.
Bruinsma hat al foldien oan de noarm foar de Spelen. "Mar de wike dêrnei is it EK op Madeira. Dus ik sjoch it as wedstriid om lekker te knallen." Njonken har dogge ek net-para-swimmers mei. De kâns is grut dat in swimster as Marrit Steenbergen meidocht.

Ynklusiviteit

Bruinsma fynt it belangryk dat blinen ek de sport belibje kinne. "Dit is ek wer in stap tichterby ynklusiviteit. Dus ik hoopje dat minsken harren opjouwe. De begelieder mei fergees mei. Ik hoopje op sa'n 20 oant 30 minsken. Sitst ek op in VIP-plak. Dat betsjut fansels Very Important Person, mar yn dit gefal giet it om in Visually Impaired Person (fisueel beheind persoan, red.)."