Stiet der aanst Frysk op alle Nederlânske identiteitskaarten?

In identiteitskaart
It model identiteitskaart dat yn 2021 yntrodusearre waard © ANP
De provinsje Fryslân siket nei mooglikheden om de Fryske taal op identiteitskaarten te krijen. Deputearre Eke Folkerts (BBB) oerleit mei it regear om dit op te nimmen yn de nije wet foar identiteitskaarten dy't der oer in pear jier komt.
It leafst soe de provinsje it Frysk ek op paspoarten en rydbewizen sjen, mar dat is wetlik sjoen no net mooglik, sei Folkerts yn antwurd op fragen fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP).

"In heakje sykje"

"Yn de nije wet foar paspoarten wurdt alles gewoan ien-op-ien oerset, dêr is no neat mooglik. Mar by de identiteitskaarten is dy romte der miskien wol." Folkerts seit no "nei in heakje te sykjen" om it Frysk deryn te krijen.
De provinsje en it regear ûnderhannelje op it stuit oer in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. "Dêr binne wol saken hjiroer opnaam, mar wy binne der noch net hielendal oer út, dus dat hearre jim letter", sei Folkerts tsjin Provinsjale Steaten.
Eins is it beskamsum. Nederlân is twatalich, mar der moat hiel hurd oan lutsen wurde.
Dinie Visser, FNP-Steatelid
"Dit is wol ít momint om it wer op de kaart te setten", seit FNP-Steatelid Dinie Visser. "Eins is it beskamsum. Nederlân is twatalich, mar der moat hiel hurd oan lutsen wurde. Wy binne hjir al sûnt 2019 drok mei dwaande."

Naam, namme, name

De Nederlânske identifikaasjebewizen binne no yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frânsk. "Wy wolle dat it standert model feroaret. It Frânsk wurdt dan ferfongen troch it Frysk", seit Visser. "En de folchoarder feroaret dan ek: Nederlânsk, Frysk en dan pas Ingelsk."
Yn 2021 kaam der foar it lêst in nij model ideniteitskaarten. Yn 2027-2028 bart dat wer. "Op ferskate bestjoerlike nivo's binne der útspraken dien dat it Frysk as twadde rykstaal lykweardich behannele wurde moat. Dus der soe gjin inkelde reden weze moatte werom't dit net kin", beslút Visser.