Ynterieur fan tsjerke Weidum ûnder hannen naam: "Sokke restauraasjes komme net faak foar"

Tsjerke Weidum
Ofbylding as yllustraasje © Stichting Alde Fryske Tsjerken
Oan de bûtenkant liket der neat oan de hân, mar sadree'tst de drompel fan de Johannestsjerke yn Weidum oer stapst, hast fuort yn de gaten dat hjir wat gruts bart. De tsjerke wurdt oan de binnenkant restaurearre en is hast folslein stript.
"De lambrisearring en flierren binne derút helle en de banken ek", fertelt direkteur Atze Jan de Vries fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. It is allegear makke fan ikehout, dat troch de jierren bot yn kwaliteit efterút gien is. It gebedshûs krijt ek nij stúkwurk.
De Johannestsjerke wie yn priveebehear, mar kaam yn 2020 yn hannen fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. "Wy wisten dat der in dikke restauraasje oan fêst siet. Mar wy wolle belangwekkende tsjerken foar Fryslân behâlde."

Kombinaasje fan boustilen

Bysûnder is de tsjerke fan Weidum sûnder mear. Under oare troch de kombinaasje fan boustilen. It romano-goatyske skip, makke fan kleastermoppen, stamt út de 13e iuw. De tufstiennen toer is noch âlder: 11e iuwsk. "De Johannestsjerke heart by de top 10 fan opfallendste tsjerken fan Fryslân."
Johannestsjerke Weidum
It ynterieur fan de Johannestsjerke © Stichting Alde Fryske Tsjerken
It ynterieur is like bysûnder, al is dat no net te sjen. It letromantyske Van Dam-oargel út 1889 is ferdwûn achter houten platen en ek de fjouwer hearebanken, de spesjale banken foar tsjerklike amtsdrager, rike famyljes en oare belangrike minsken, binne ôfdutsen.
De banken foar it gewoane folk steane, tegearre mei de lambrisearring en flierren, yn in wurkpleats in pear hûndert meter fierderop yn Weidum, by bou- en restauraasjebedriuw Van der Vegt.

Bûnte kjifkrobbe

"Hjir leit in diel fan de lambrisearring. Dat is behoarlik oantaaste", seit mei-eigener Feike Huitema, wylst er nei in stik hout op de wurkbank wiist.
"De gatsjes dy't deryn sitte, binne it wurk fan de bûnte kjifkrobbe. Dy wenje graach yn in fochtich klimaat." In tsjerke is in gaadlik plakje foar it ynsekt. "Dizze stikken binne net mear te behâlden, dus dat meitsje wy nei."
It ynterieur fan de Johannestsjerke yn Weidum wurdt flink oanpakt
Hout oanfretten troch de bûnte kjifkrobbe © Omrop Fryslân
In eintsje fierderop yn de wurkpleats wurde de swiere houten flierplanken ûnder hannen naam. "Wy fernije noch gjin tsien persint fan it ynterieur", seit Huitema. It doel is om sa folle mooglik fan it histoaryske hout te behâlden.

Goed fêstlizze

It komt wol nau mei it restaurearjen fan in tsjerke. Je meie net samar wat neimeitsje. Alles moat fan itselde materiaal makke wurde en yn deselde styl. En it freget ek om spesifyk ark. "Yn eltse tsjerke hast wer oare profilearrings, dus dan hast ek oare beitels nedich. Dy slypje wy dêr aparte foar", seit Huitema.
"Foar demontaazje wurdt alles hiel goed fêstlein. Wy ha foto's en fideo's makke. En yn in skrift hawwe wy sketsen makke mei ôfmjittings, sadat wy witte hoe't wy alles wer werom pleatse moatte."
It ynterieur fan de Johannestsjerke yn Weidum wurdt flink oanpakt
Foar't demontaazje waard alles nau fêstlein © Omrop Fryslân
By it losmeitsjen fan de planken, fûnen de wurklju in boadskip fan harren kollega's fan goed 140 jier lyn, doe't de foarige restauraasje wie. Ek de predikant fan 1880 ferivige himsels yn it hout.
It bedriuw yn Weidum is ien fan in hantsjefol yn Fryslân dy't âlde tsjerken restaurearret. "Sokke grutte restauraasjes komme net faak foar", seit Huitema. "Oer it algemien wurde monuminten goed ûnderholden. It is ek hiel bysûnder dat wy de tsjerke yn ús eigen doarp oanpakke."
Opfallend oan de Johannestsjerke is dat der de ôfrûne iuwen hast neat oan feroare is. En as alles wer te plak stiet, moat der gjin ûnderskied te sjen wêze tusken âld en nij. "Wy dogge 'm aanst yn it normale ûnderhâld en hoopje dat it dan noch hiel lang bestean bliuwt", seit De Vries.
Dochs komt der in nijmoaderich tintsje: in keuken en in húske. Dy wiene der yn al dy jierren noch net.

Fan de mienskip

It is de bedoeling dat de tsjerke nei it ûnderhâld iepensteld wurdt foar publyk. De Vries: "Al ús tsjerken ha in pleatslike kommisje mei frijwilligers dy't aktiviteiten organisearje. Wy helpe harren derby, mar it moat echt wer fan de mienskip wurde."
It ynterieur fan de Johannestsjerke yn Weidum wurdt flink oanpakt
It Archeologisch Werkverband die ûndersyk op it plak dêr't de banken stiene © Omrop Fryslân
De meunsterklus kostet 330.000 euro. "Dat is net eat dat je eltse wike útjouwe", seit De Vries. "Us stichting is ôfhinklik fan subsydzjes fan oerheden. De provinsje en Stichting Stinze-Stiens hawwe meiholpen en wy ha der sels ek jild yn stutsen. Wy ha gelokkich in soad donateurs dy't ús helpe."

Argeologysk ûndersyk

It Archeologisch Werkverband fan De Fryske Akademy hat ûndersyk dien op it plak dêr't de banken normaal sprutsen stean. Sy fûnen dêr ûnder oare âlde munten. Wat der noch mear oantroffen is en hoe âld oft dat is, is noch net dúdlik.
Foar de boufak fan dit jier moat it wurk klear wêze. Huitema sil sels net alle sneinen genietsje fan syn arbeid. "Foar it wurk bin ik al in soad yn tsjerken, dus yn it wykein sla ik oer."
It ynterieur fan de Johannestsjerke yn Weidum wurdt flink oanpakt
De tsjerkebanken stean yn de wurkpleats in stikje fierderop © Omrop Fryslân