De histoaryske Slachtedyk waard ea mei de hân oanlein: "Wie in hiele put"

Stefien Smeding, Fryske Gea, kultuerhistoarika
Kultuerhistoarika Stefien Smeding fan It Fryske Gea © Omrop Fryslân
It is noch mar trije moannen oant de Slachtedyk wer fol stiet mei hurddravers en kuierders. It Fryske Gea riedt him no al ta op de fjouwerjierlikse Slachtemaraton.
It leit krekt wat heger as de rest fan it lân. Fierder liket de Slachtedyk, net hiel spesjaal. Op dit stuit hat er gjin funksje mear, it is no in saneamde 'slaperdijk'. Mar hy wie der ea om yn needgefallen it wetter tsjin te hâlden.
"It wie in saneamde binnendyk, de seedyk lei fierder fuort. Mar doe't dy op hichte kaam is, is de funksje fan de Slachtedyk ferfallen. Hy moast it wetter fan bûten by heech wetter en stoarmen keare", seit kultuerhistoarika fan It Fryske Gea, Stefien Smeding.

Under wetter

It stik oan de súdkant fan de Slachtedyk by Boazum stie dus hûnderten jierren lyn noch ûnder wetter. Om it jier 1200 hinne is it tichtslykt en kaam der 'nij lân'.
Kaartsje slachtedyk
In kaartsje fan de earste ynpoldering by de slachtedyk © Omrop Fryslân
Dat is ek wêrom't kuierders net troch de doarpen komme. "De diken moasten it lân en doarpen beskermje en waarden dus op ôfstân makke", leit Smeding út.
Yn de dyk komme kuierders njoggen kear in syl tsjin. Dêrtroch koene skippen wol farren bliuwe, mar as de need en it wetter heech wie, koene dy silen ticht troch grutte balken sakje te litten.
"Dy wienen handich om wetter te lossen fan de polders út, mar ek foar bygelyks de farbewegingen. Der moast ek hannel dreaun wurde, en om doarpen berikber te hâlden."
Boazumersyl
It stikje fan de rûte oer de Boazumersyl © Omrop Fryslân
Bysûnder is dat trije stikken fan de rûte fan elts rûchwei in kilometer noch net ferhurde binne. Dy stikken wurde gewoanwei allinnich troch buorlju en boeren brûkt. Neffens It Fryske Gea moat dat sa bliuwe. "Dit fine wy fansels hiel moai. Want dan hast noch it byld fan hoe't eartiids folle langere stikken fan de Slachtedyk net ferhurde wiene."
It Fryske Gea makket him klear foar Slachtemaraton
Wat oerienkomt by de ferhurde en net-ferhurde stikken is dat de dyk aardich kronkelet troch it lânskip. Ek dat komt troch ynfloed fan de see. "Doe wiene hjir folle mear slenkjes en kreekjes."
"Dy patroanen dy't der doe wienen, brûkten de minsken fansels. Se hegen it lân op en makken diken dêr't it al wat heger wie. It is allegear mei de hân makke. En ast hjir rinst, kinst dy foarstelle dat dat in hele put wie", seit Smeding.

Oefenje

Om de kuierders wat te helpen har klear te meitsjen foar de tocht, hat It Fryske Gea in oefenboekje gearstald. "Je moatte je der wol op tariede, 42 kilometer rinne is net neat. Dêrom dat wy in boekje útjouwe mei rûtes yn alle dielen fan de provinsje, grutte en lytse. Fan it Noarderleech oant it Rysterbosk."
Fierder hâldt It Fryske Gea him de kommende tiid even yn mei it meanen. "Sadat de dielnimmers aanst allegear moaie blommen om har hinne ha ûnder it rinnen of draven."