Fiif fragen oer de maitiidsbeurt fan dyn tún: "Sleep net mei nije potgrûn"

It is wer waar foar yn 'e tún
It is wer waar foar yn 'e tún © ANP
No't de maitiid lonket, nimt de ûnrêst by de túnleafhawwer ta. Beammen begjinne út te spruten, en planten en gerzen litte har wer foarsichtich sjen. En dus pakke minsken de snoeiskjirre wer út it hok. Mar foardat je je bûge oer it eigen biotoopke, jout spesjalist Klaas Piekstra tips foar yn de tún.
Hieltyd mear minsken fine harren wei wer nei de túnsintra ta om pûden potgrûn yn te slaan. Want no't de maitiid de kjeld en tsjusterte fuortdriuwt, steane der om 'e hûs hinne wer túntaakjes te wachtsjen.
It is wol oan te rieden om dêr de nedige ynfo by yn de achterholle te hâlden, seit Klaas Piekstra, eigener fan in túnsintrum yn Hurdegaryp. "Sleep net mei nije potgrûn. Want nije grûn bestiet net."
En dêrom: fiif fragen oer hoe'tst yn maart de tún dan wól ûnder hannen nimst.

1. Klaas, minsken begjinne wer te snoeien, wêrom is dat?

"As earste omdat it no wer kin. Dochst dit winterdeis, dan kinne planten ynfrieze. Dêrneist is snoeie goed om't beammen en planten dan ferjongje. Je hâlde se farsk op dizze wize."
Túnman Klaas Piekstra
Túnman Klaas Piekstra © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
"By de beammen knipst de âldste en grouste tûken. En by bygelyks strûkroazen knipst oant 10 à 15 sintimeter. Meastal by it tredde knopke. De enerzjy giet dêrnei nei it ôfknipte plak, sadat it wer begjint te groeien.
It is by simmerbloeiende strûken tûk om se no te snoeien. Dan ha se noch moai de kâns om foller te wurden. Ast dat nammentlik net dochst, krijst úteinlik minder tûken en blommen en kinst troch de strûk hinne sjen."

2. Wat moatte je no mei de grûn dwaan?

"Sjoch yn alle gefallen út mei skoffeljen. Alteast, ast planten hast dy't ûndergrûnsk fermearderje. Guon gewaaksen rinne ûndergrûnsk út. Dan kinst it ûnkrûd dus better fuorthelje. En wat ûnkrûd is, dat is foar elke túnker oars. Unkrûd is nammentlik 'in plant dy't net winske is'."
Wês sunich mei kompost. It is pittich guod. Dus 'overdaad schaadt'.
Túnker Klaas Piekstra
"Mar de rûgebol (heermoes, red.) kin bygelyks ferfelend wêze. Dizze is te werkennen oan lytse triedsjes dy't út de grûn komme. Ast dy der út heljen bliuwst, dan giet er fuort. En ek bedongje en lavamoal struie, wurkje dertsjin.
Brannettels binne faak likemin winske. Ek dy kinst derút helje. Unkrûd groeit faak hurder as syn 'rivalen'. Dêrtroch nimt er it ljocht wei en ferstikke de planten."
De rûgebol kin ferfelend wêze yn de tún
De rûgebol kin ferfelend wêze yn de tún © ANP
"Fierder sjochst faak dat minsken nije túnierde stoarte. Dat kinst oerslaan. Grûn kinst nammentlik net ferfarskje, want nije grûn bestiet net. Je moatte it ferbetterje.
Dat kinst dwaan troch der goed fertarde kompost oerhinne te smiten. Dy leveret de planten in foarried organyske stoffen en is goed foar it boaiemlibben.
It hâldt ek focht yn de grûn beet. By fruitbeammen kin in hantsje kompost hielendal oan te rieden wêze. Mar gean der sunich mei om: it is pittich guod. Ming dêrom maksimaal in tredde. Want 'overdaad schaadt'."
Klaas Piekstra
Klaas Piekstra © Omrop Fryslân
"Ek bedonging is goed foar de planten. Yn allinnich kowedong sit te min fiedingsstof. Ik soe dêrom kieze foar ferrike organyske dongstof.
Dêr sit neist kowedong bygelyks ek hinnestront, bloedmoal en bonkemoal yn; allegear stoffen dy't mei-inoar de planten optimaal groeie litte en derfoar soargje dat de planten minder gefoelich binne foar sykten. De kwaliteit fan de dongstoffen kin bot ferskille, dus hâld dat yn de gaten."

3. Wat is handich om yn 'e hûs te hawwen foar yn 'e tún?

"As de temperatuer yn de 'dûbele sifers' sit, begjinne in soad minsken wer mei gersmeanen. Lit dêrom dyn masine slypje. En dan bedoel ik net troch buorman dy't noch earne in sliper lizzen hat.
Der is spesjaal ark dêr't je it meanblêd mei yn balâns hâlde. As de iene kant langer as de oare is, kin de meaner begjinne te triljen en giet de masine flugger stikken.
Dêrneist is it fansels in geskikte tiid om plantsjes yn de tún te setten. Dy komme no moai yn it blêd te stean. En do hast der in simmer plezier fan. It is wol wichtich om se wetter te jaan. De woartels fan dy plantsjes rikke nammentlik noch net sa fier en dus nimme se te min focht op."
Strjitmakkerssân is funest foar planten, omdat de woartels dertroch deagean.
Klaas Piekstra
"Watst trouwens hieltyd faker sjochst, is dat minsken tegels derút wippe en dat as plak foar plantsjes brûke.
Tink der dan om: do moatst elts kerreltsje strjitsân opromje foardatst dat dochst. It sân is funest foar de planten, omdat de woartels dertroch deagean. Ferfang it dêrom troch goede ierde."

4. Hokker bistjes kinne in pleach wêze en wat kinne je dêroan dwaan?

"De taksuskever is yn opmars. De larven ite de plantewoartels op, mei as gefolch dat dy gjin wetter mear opnimme en de planten úteinlik stjerre.
Je kinne de taksuskever ûnder mear ferjeie mei biologyske middels op basis fan knyflok. Dêr ha se in hekel oan. De bistjes gean dan djipper yn de grûn sitte, dêr't se hongerje en deagean."
In slak
Slakken ite bledsjes op © ANP
"En dan hast fansels noch de slakken, dy't it foarsjoen hawwe op de bledsjes. Dêr kinne je ieltsjes tsjin brûke. Dy gean yn de slak sitte en skiede baktearjes út, dy't soargje dat de slak ophâldt fan iten en deagiet."

5. Ta beslút: wat makket it túnkjen sa'n noflike aktiviteit?

"Eltsenien kin de eigen omjouwing opfleurje. Wy komme wer út in tsjustere perioade, wy hawwe lang binnen sitten, efter de telefyzje of kompjûter. No't alles wer begjint te bloeien, soarget dat foar gelokstofkes. Want it is noflik om alles wer te feroarjen.
Dat is ek it moaie oan ús seizoenen. Earst is der neat en dan ynienen litte de sierkersen har sjen. It is mar koart, mar dat makket it krekt spesjaal: yn in bepaalde tiid fan 't jier je eigen wrâld om it hûs hinne kreëarje kinne."