HEA! In lot út de lotterij

HEA! In lot út de lotterij
Peter Commijs fan garaazje De Basis yn Ljouwert, spesjalist yn oldtimers, wie wol efkes klear mei stazjêres. Oant no ta hiene se dêr pech mei. Doe kaam dêr in mail fan studinte autotechnyk, Marijke de Vos en de passy foar klassike auto's spatte der ôf. Marijke krige dochs de kâns en it die bliken dat se "in lot út de lotterij" is.
Se is der mei opgroeid en hat de kennis fan âlde auto's fan heit en pake mei krigen. Mei har trijen sleutelje se faak oan klassikers en op har trettjinde hie se har earste eigen oldtimer al. By garaazje de Basis binne se tige wiis mei har en Marijke fynt dat se it net better treffe kinnen hie.