Eigener wol Fremantle Highway twadde libben jaan yn Sina, ynspeksje jout gjin tastimming

Fremantle Highway
De Fremantle Highway © Rijkswaterstaat
De eigener fan de Fremantle Highway, it skip dat ôfrûne simmer yn brân fleach op de Noardsee boppe It Amelân, spant in koart pleit oan tsjin de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT).
It Nederlânske bedriuw Koole, de eigener, wol it skip nei Sina oerbringe foar reparaasje en ferkeap. De ILT jout dêrfoar lykwols gjin tastimming. De ynspeksje sjocht it skip as ôffal en dat mei net oerbrocht wurde nei lannen dy't gjin lid binne fan de OESO, in organisaasje foar ekonomyske gearwurking en ûntwikkeling. Sina is gjin OESO-lid.

Ien deade

Op dit stuit leit it skip by in werf yn Rotterdam. Nei de brân, yn july ferline jier, kaam in bemanningslid om it libben nei't er fan it skip springe moast.
Oan board wienen op dat stuit 3.700 auto's wêrfan likernôch 500 elektryske. It fjoer wie dreech te bestriden en it skip drige in skoft te sinken, mar dat barde úteinlik net. It skip rûn wol in protte skea op.

Skip foar in euro

Yn oktober ferline jier hat Koole it skip foar it symboalyske bedrach fan 1 euro kocht fan de foarige eigener, in Japansk bedriuw. Neffens Koole is de Fremantle Highway technysk sjoen noch yn oarder. In Sineeske werf wol it skip no wol keapje, foar 11 miljoen euro.
Jurgen Treffers, de direkteur fan Koole stelt dat der in tekoart oan autotransportskippen is. Neffens him is it gjin duorsume oplossing om it skip te slopen.