Topsport, stúdzje en wurk: follybalster Rixt van der Wal docht it allegearre

Rixt van der Wal
Rixt van der Wal © Omrop Fryslân
Follybalster Rixt van der Wal fan Haskerhoarne docht mei VC Snits mei om de lânstitel. Sy kombinearret har drokke topsportlibben mei stúdzje en wurk.
"Ik bin mei dizze sport opgroeid", seit de 20-jierrige Van der Wal, flak foardat se begjint oan de warming-up yn de Sneker Sporthal.
It seizoen fan VC Snits komt yn de beslissende faze en de klup docht noch folop mei yn de striid om de lânstitel. De Snitsers binne wis fan de heale finale om it kampioenskip.
De seleksje traint no fjouwer kear yn de wike. Van der Wal mei dêr wol oer, want de leafde foar follybal sit djip. "Doe't ik sân jier wie, bin ik begûn. Fan dêrút groeide de passy allinnich mar."
Rixt van der Wal kombinearret har drokke topsportlibben mei stúdzje en wurk
Van Der Wal spile earst op De Jouwer, mar op har 14e kaam se al by VC Snits terjochte. It nivo is heech, mar Rixt past har oan.
"Je komme hjir pas it echte follybal tsjin. Ik bin hiel learderich en ik wol der fierder yn groeie. Dat hat holpen om de leafde foar dy sport te finen en te hâlden. "

Grut talint

De Haskerhoarnster wie al in grut talint doe't sy by VC Snits binnenrûn. Sy kaam op 17-jierrige leeftiid by it earste en besocht har oan te passen oan it nivo.
No, fjouwer jier letter, hat sy al in soad leard. "Ik follybalje no ek mei froulju dy't al yn it bûtenlân sitten ha. Dy ha sa'n ûnderfining en dêr lear ik ek wer fan."
Rixt van der Wal yn de earste wedstriid tsjin VV Utrecht
Rixt van der Wal yn de earste wedstriid tsjin VV Utrecht © Dijks Media
Van der Wal dreamde har hiele libben ek fan dy stap nei it bûtenlân. Dochs tinkt sy dêr yntusken oars oer. Sy hat it sa nei it sin by Snits, dat it bûtenlân wol in hiele grutte stap is.
Ik begjin my ek hieltyd mear te realisearjen datst it echt wol wolle moatst, dat topsportlibben.
Follybalster Rixt van der Wal
"Ik ha altyd sein dat ik letter gjin spyt ha wol, dat ik it net dien ha. Mar ik begjin my ek hieltyd mear te realisearjen datst it echt wol wolle moatst, dat topsportlibben."
Dêr moatte je ek wat foar ynleverje. "It draait by toernoaien foar de jeugd fan Oranje bygelyks altyd om iten, dei yn dei út traine en witte hoefolle oft je sliepe moatte. Dan stiet dyn hiele libben yn it ramt fan follybal."

Prioriteiten

Dêrom sjocht sy in aventoer yn it bûtenlân net mear as har grutste prioriteit. "Ik fernim ek dat ik de dingen om my hinne ek hiel leuk fyn. Myn famylje, myn wurk. Hjir kin ik alles kombinearje. Ik wit net oft ik alles opjaan wol. As ik it no sizze moat, soe ik nee sizze."

Rixt hopet in moaie baan te finen yn de hannel. Sy studearret no Retail oan Hanzehogeschool Groningen. Troch de topsportregeling op dy skoalle mei sy frij nimme foar it follybal. "Dat is allegearre fantastysk regele. Mar drok is it wol", seit se.
Van der Wal yn aksje
Rixt van der Wal yn aksje © Omrop Fryslân
Dochs lizze der noch in soad sportive dreamen. Sa hopet sy ea foar Nederlân út te kommen op de Olympyske Spelen. Van Der Wal spile al in WK by de jongerein, mar it folwoeksen Oranje soe it moaiste wêze.
"Ik ha al wol petearen hân mei de coach. Takom simmer binne de Spelen en dy komme te betiid foar my. Dêr wolle sy mei in 'steady' team hinne, dêr't sy de grutste kâns mei meitsje", seit Van der Wal.
"Mar dan hast dus wol tiid om dy ta te rieden op de folgjende. Tiid foar de jonge talinten, sis ik dan. Ik ha wol heard dat sy my dêrby sjogge."
Rixt van der Wal by it net
Rixt van der Wal by it net © Omrop Fryslân
Dochs komt dan de stap nei it bûtenlân wer om 'e hoeke sjen. Dat soe wol needsaaklik wêze foar de ûnderfining.
"Om dysels te ûntwikkeljen. Mar, der rinne mear wegen nei Rome ta", seit Van Der Wal. "Dan bliuw ik lekker eigenwiis."