Liveblog | 18 maart

112-nijs 18 maart: Brânwacht komt yn aksje foar barbecue | Persoan ferwûne by wenningbrân

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 18 maart, 19:26
19:26

Brânwacht komt yn aksje foar barbecue

De brânwacht hoegde net yn te gripen
De brânwacht hoegde net yn te gripen © Kappers Media
De brânwacht waard moandeitejûn oproppen foar in brân yn in flat oan de Gealanden yn Ljouwert.
De realiteit wie lykwols oars. Op de tredde etaazje wie immen op syn balkon oan it barbecueën.
De reek dy't dêrby frijkaam, wie it gebou yn lutsen. Nei in kontrôle koe de brânwacht wer fuortgean.
14:57

Poppe ferstoarn by opfangorganisaasje Fier yn Ljouwert

Ferline wike tiisdei is in poppe ferstoarn fan in minderjierrige frou by opfangorganisaasje Fier oan de Holstmeerwei yn Ljouwert. De helptsjinsten binne noch oproppen mar koenen neat mear dwaan.
13:38

Persoan ferwûne by wenningbrân yn Bûtenpost

bran butenpost
In soad reek by de wenningbrân yn Bûtenpost © ProNews
By in brân oan de Stasjonsstrjitte yn Bûtenpost is ien persoan ferwûne rekke. Ambulânsepersoniel hat medyske soarch ferliend.
De brân wie yn de boppeferdjipping fan it hûs. De flammen sloegen in skoftke út it gebou en der wie in soad reek. Yntusken is de brân wer út.
09:00

Rydferbod foar automobilist dy't mei drugs op ried

In automobilist hat in rydferbod fan 24 oeren krigen nei't er sneintenacht kontrolearre waard troch de plysje. De 42-jierrige Ljouwerter wie ûnder ynfloed fan drugs. Hy teste posityf op kokaïne en amfetaminen. Der is in proses-ferbaal opmakke tsjin de fertochte.
08:00

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.