sc Hearrenfean ferliest yn slotfaze fan Feyenoord nei blunder Van Ottele

Pelle van Amersfoort oan de bal
Pelle van Amersfoort oan de bal © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hie lang sicht op in punt of mear tsjin regearjend lânskampioen Feyenoord, mar bleau mei lege hannen. De thúswedstriid einige yn in nipt ferlies: 2-3.
By Hearrenfean ûntbruts Osame Sahraoui yn de basis. De oanfaller waard disiplinêr straft troch trainer Kees van Wonderen, om't er earder dizze wike te let kaam wie. Dat wie net de earste kear foar de Noar.
sc Hearrenfean: Van der Hart; Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert (84' Tjoe-A-On); Haye, Olsson; Wålemark (56' Sahraoui), Tahiri (68' Van Ee); Van Amersfoort (84' Van Ottele), Nunnely (84' Ali).
Feyenoord: Wellenreuther; Geertruida, Beelen (71' Nieuwkoop), Hancko, Hartman; Wieffer, Zerrouki (71' Lingr); Minteh, Timber, Ivanusec (71' Igor Paixão); Giménez (75' Ueda).
De Rotterdammers liken al yn de achtste minút op foarsprong te kommen doe't Lutsharel Geertruida fan tichtby binnen sjitte koe. Nei tuskenkomst fan de fideoskiedsrjochter die lykwols bliken dat Geertruida bûtenspul stie.

Nunnely fynt Köhlert

Tsjin de ferhâlding yn wie it Hearrenfean dat op foarsprong kaam. Ché Nunnely koe der rap útkomme en joech de bal foar de goal, troch miskommunikaasje tusken de Feyenoordferdigeners kaam de bal wûnderbaarlik foar de fuotten fan Mats Köhlert. Syn ôfwurking wie ek mear gelok as wiisheid, mar wie wol perfekt om doelman Timo Wellenreuther te passearjen.
Feyenoord bleau de bettere ploech yn it Abe Lenstra Stadion. Dat late yn de 37e minút ta de lykmakker fan Mats Wieffer. Hy koe ienfâldich binnen tikje nei in knappe foarset fan Luka Ivanusec.

Wrâlddoelpunt

Dêr't Köhlert yn de earste helte noch mei wat gelok it net fûn, wie dat yn de twadde helte wol oars. De Dútser dy't foar hjoed noch net wist te skoaren dit earedivyzjeseizoen skeat de bal útsûnderlik moai oer Wellenreuther en brocht dêrmei de Friezen op foarsprong: 2-1.
It waard lykwols net de winnende treffer. Ynfaller Igor Paixão brocht yn de 74e ploech de regearjend lânskampioen wer op likense hichte.

Blunder Van Ottele

In puntedieling like dêrnei it meast logyske senario, mar in blunder fan Syb van Ottele brocht Ayase Ueda allinnich foar de keeper. Hy faalde net en makke der yn de 88e minút 2-3 fan.
Mei it ferlies stiet Hearrenfean no mei 31 punten út 26 wedstriden op it tsiende plak yn de earedivyzje. It gat mei de play-offplakken is fiif punten.