Suzanne Schulting nei brutsen ankel: "Gewoon schouders eronder zetten en doorgaan"

Suzanne Schulting by de huldiging fan it relay-goud mei har ankel yn it gips
Suzanne Schulting by de huldiging fan it relay goud mei har ankel yn it gips © Orange Pictures
Se ried de finale op it WK, gong nei it sikehûs, seach dat har ankel brutsen wie en kaam doe werom om dochs noch efkes op it poadium te stean yn Ahoy. Suzanne Schulting belibbe in nare snein yn Rotterdam.
It is twa oeren neidat de lêste race plak fûn hat, as Schulting nochris plak nimt op in stoel om de oanwêzige parse te wurd te stean. Mei har foet yn it gips.
Har ankel is brutsen, mar gelokkich falt de pine ta. "Dat valt wel mee. Het zit nu in het gips, dus ik kan het nu gelukkig niet bewegen. Maar het is niet zo dat het aan het kloppen is of aan het drukken. Dat valt wel mee."
Suzanne Schulting stie de parse noch te wurd neidat se mei in brutsen ankel út it sikehûs kaam
Schulting ried de finale fan de 1.000 meter, doe't se mei Kristin Santos-Griswold en Gilli Kim hurd yn de kessens telâne kaam. Se hie fuort wol pine, mar se hie net fuort troch dat har ankel stikken wie.
"Het voelde wel gelijk niet goed, maar ik dacht eigenlijk dat het mijn bandjes waren. Het is eigenlijk niet zo dat ik dan meteen aan het worst-case-scenario denk."
Schulting har fâl tidens de 1.000 meter mei Santos en Kim
Schulting har fal by de 1.000 meter mei Santos-Griswold en Kim © Orange Pictures
"Ik had zoiets van: ik wil die race herstarten. Het is wel een finale in eigen huis, dus ik wilde niet zo maar opgeven."

Mei adrenaline giet se troch

De race wurdt on hold set en efkes letter begûn de race opnij. Se stapte dochs wer op it iis by de werstart, mar moast nei in pear rûntsjes opjaan. Efterôf hielendal logysk, mei in brutsen ankel. "Ik denk dat ik wel een vrij hoge pijngrens heb van mezelf. We hebben daarna wat testjes gedaan. En ze zeiden: het lijkt mee te vallen. Ik heb er daarna ook nog opgestaan. Zelfs in het ziekenhuis hadden we hetzelfde nog. Zelfs de specialist dacht dat er iets met de banden was."
Ik moet gewoon doorgaan. Ik heb geen andere keuze.
Suzanne Schulting
Dêrnei sjogge se yn it sikehûs dat har ankel stikken is. En it siet dit wykein al net mei. Sneon waard se twa kear ûngelokkich útskeakele yn de heale finales fan de 1.500 en 500 meter.

Relativearje leare je gau

Doe sei se al: "Dit is het jaar van het relativeren." En dat docht se no hielendal.
"Ja nou ja, ik moet gewoon doorgaan. Ik heb geen andere keuze. Ik wil dit zo snel mogelijk laten herstellen. Zodat ik zo snel mogelijk weer aan de slag kan. Aan de andere kant: ik kan er niks anders van maken. Enige wat je kunt doen, is je schouders er onder zetten en gewoon doorgaan."
Itzhak de Laat ried ek net it toernoai dat er yn gedachten hie
Foar De Laat wie it ek in teloarstellend toernoai. Hy kaam net fierder as de kwartfinale op de 1.000 meter en in B-finale by de 1.500 meter. By de relay-finale foel teamgenoat Jens van 't Wout en waard Nederlân fjirde.
Sa hat De Laat foaral it gefoel dat der mear yn siet. "Uiteindelijk, als ik voor mezelf en voor de mannen spreek, is het wel teleurstellend. We hadden toch gehoopt mooi af te sluiten. Je wil op zo'n WK boven jezelf uitstijgen. Dat heb ik niet gedaan. Het was geen schande. Maar ik heb geen kunstje laten zien. Dat is wel jammer."