'Winterljocht' hellet Fryske stêden út har wintersliep

’t Raedhûs is efkes 'De sterrennacht' fan Vincent van Gogh
’t Raedhûs is efkes 'De sterrennacht' fan Vincent van Gogh © @johkramer
Yn Dokkum is noch in wike lang 'Winterljocht' te sjen. It is it slútstik op in reis dy't dizze poëtyske ljochtkeunstrûte makke by ferskate Fryske stêden del.
'Winterljocht' is betocht troch kreatyf buro Kroft&Smids fan Ljouwert. De ljochtprojeksjes binne eltse jûn fergees te besjen fan in healoere nei de sinneûndergong ôf. It projekt wurdt stipe troch de provinsje, gemeenten en ûndernimmers.

Gevels as filmdoek

De projeksjes tsjoene markante gebouwen om ta in plak dêr't yn wurden of bylden in ferhaal ferteld wurdt. It makket fan in saaie gevel in filmdoek en toant sitaten, filmkes, animaasjes en gedichten op keale muorren en monuminten.
Inisjatyfnimster Karina Kroft leit út wat it ynhâldt: "Het is een wandeling langs in dit geval 14 plekken met projecties. Het zijn beelden, filmpjes, een citaat, gedicht of iets uit een liedje. Een verzameling van mooie dingen waar je langs kunt wandelen."
Op mûne Zeldenrust is in tekst fan Joost Klein te sjen
Op mûne Zeldenrust is in tekst fan Joost Klein te sjen © Bote Sape Schoorstra
Yn Dokkum is it begjin by de IIsfontein betocht, mar de rûte is sa opset dat minsken eins oeral wol ynstappe kinne.
Remko Smids fertelt dat it idee hjirfoar by in desimberljochtrûte yn Ljouwert weikomt, dat al fjouwer jier makke wurdt. "Twa jier lyn ûntstie it idee om dit ek yn oare doarpen en stêden te dwaan."
Yn jannewaris hat 'Winterljocht' yn Harns west en yn febrewaris wie it yn Sleat. No folget Dokkum as hikkesluter.
'Make some light' op it gemeentehûs yn Dokkum
'Make some light' op it gemeentehûs yn Dokkum © RTV NOF
"In Dokkum gaat het over de komst van het licht. Wat het licht met je doet, dat we zonlicht nodig hebben en het zo fijn is dat het weer komt", fertelt Kroft. De lêste 'Winterljocht' falt gear mei de komst fan de maitiid.

Oanpast oan de stêd

Kroft&Smids wie yn 't earstoan fan doel om presys deselde projeksjes yn eltse stêd sjen te litten.
"Maar we kwamen er eigenlijk meteen achter dat het veel leuker is om echt wat te maken voor een bepaalde plaats. Sloten heeft een heel andere sfeer dan Harlingen. Dus we hebben echt per plaats gekeken waar het over zou kunnen gaan."
Yn Harns waard it bygelyks keppele oan it Filmfestival, dêr waard byld en tekst út films dy't draaiden op allerhanne plakken projektearre.
Testbyld fan 'Winterljocht' op it fabryk by Sleat
Testbyld fan 'Winterljocht' op it fabryk by Sleat © Kroft&Smids
De inisjatyfnimmers fernimme dat it ljochtkeunstprojekt syn wjerslach hat op de stêden.

Libben yn 'e stêd

"Wy hiene tocht dat sa'n stêd as Sleat echt yn wintersliep wie", seit Smids. "Mar de hoareka gie dêr just iepen. Sy wiene der hiel wiis mei: it brocht leven yn de stêd. Wy murken it ferskil wol tusken de jûnen mei de opbou en de jûnen wêrop't minsken op 'en paad wiene."
De kuierrûte is sa'n kilometer lang. "Wy hawwe it mei opsetsin sa makke dat je it yn sa'n trije kertier rinne kinne. It is sa makke dat âlderein en minsken mei bern of in hûn der ek del kinne."
It testen fan de projeksje yn Dokkum
It testen fan de projeksje yn Dokkum © Kroft&Smids
Sneon waard 'Winterljocht' yn Dokkum by it âlde stedhûs fan Dokkum iepene troch boargemaster Johannes Kramer.
De projeksjes binne noch oant 23 maart te sjen. It is de wike foar Donker Dokkum, in evenemint dat plakfynt yn it ramt fan Earth Hour. Dêrby dogge minsken oer de hiele wrâld in oere lang de ljochten út om omtinken te freegjen foar de natuer.