FIDEO: Joost trapet syn earste Europapa-live ôf yn in moshpit

Joost Klein hat in fideo nei bûten brocht wêrop't te sjen is dat hy 'Europapa' foar it earst live oan publyk hearre lit. Hy begjint mei it nûmer yn in grutte circlepit.
De telefoans moasten ynlevere wurde, mar it team om de Songfestivalynstjoering hinne hat wol in fideo makke. Op de bylden is te sjen dat de fan oarsprong Britsumer tusken syn fans úteinset yn poppoadium 013 yn Tilburg.
"Europe, let's come together. It's now or never", makke hy de taskôgers dúdlik, foar't der in feestje boud waard.