Liveblog | 16 maart

112-nijs 16 maart: Ferwûne by ûngelok op De Gordyk

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 16 maart, 22:36
22:36

Ferwûne by ûngelok op De Gordyk

De twa auto's tsjin elkoar op De Gordyk
De twa auto's tsjin elkoar op De Gordyk © SRFotografie
Op De Gordyk binne twa persoane-auto's mei elkoar yn botsing kaam. Dat barde op de krusing fan de Overtoom mei de Wetterkant.
By it ûngelok rûn ien fan de bestjoerders letsel oan de nekke op. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. De twa ynsitters fan de oare auto binne troch ambulânsepersoniel kontrolearre, mar blieken net ferwûne rekke.
In berger hat beide auto's meinaam.
17:57

Auto botst tsjin gevel bedriuw yn Dokkum

Auto botst tsjin gevel
Auto botst tsjin gevel © SRFotografie
In auto is sneon tsjin de gevel fan in bedriuw botst op de Beurtvaart yn Dokkum.
Nei de botsing koenen de bestjoerder en in byrider sels út de auto komme.
Wat de oarsaak fan it ûngelok is, is net dúdlik.
11:54

Himp oantroffen yn winkelpân yn Drachten

De plysje foar de winkel
De plysje foar de winkel © SRFotografie
De plysje hat freed in persoan oanholden yn in winkelpân yn Drachten nei de fynst fan himp. Dêrnei is it gebou oan de Zuidkade trochsocht en hat de plysje fierder ûndersyk dien. De fertochte is meinaam om heard te wurden, mear is der noch net bekend makke.
07:57

Ferwûnen nei't auto tsjin beam botst yn Menaam

De helptsjinsten yn Menaam
De helptsjinsten yn Menaam © Kappers Media
Op de Rypsterdyk tusken Dronryp en Menaam is sneon in auto tsjin in beam botst. Dêrby soene twa minsken ferwûne rekke wêze.
De brânwacht hat de slachtoffers út de auto wei helle, dy binne mei ambulânsen nei it sikehûs ta brocht. Der is neat bekend makke oer de earnst fan de ferwûningen. De Rypsterdyk is yn beide rjochtingen ôfsletten.
07:10

Auto bedarret nei maneuvel op rotonde yn Wolvegea

De auto wie kreas op de rotonde parkearre
De auto wie kreas op de rotonde parkearre © BTBfotografie
Yn Wolvegea hawwe de helptsjinsten freedtejûn in auto fan in rotonde helje moatten. De auto bedarre nei in oanriding op de rotonde tusken de Spoorlaan en Lycklamaweg.
It ûngelok barde om 23.00 oere hinne. De plysje en in ambulânse kamen op it plak om help te ferlienen. De automobiliste is op ferwûningen kontrolearre, mar hoegde net mei nei it sikehûs.
07:00

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.