Fertriet oer it fuortgean fan Alliade út Easterwâlde: “Je wurde út in mienskip weilutsen”

Kliïnt Menno wennet al 17 jier ûnder dak by Alliade
Kliïnt Menno wennet al 17 jier ûnder dak by Alliade © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
It wie bot skrikken foar Menno út Easterwâlde. Soarchgroep Alliade makke koartlyn bekend de doarren te sluten fan alle wen- en soarchlokaasjes yn it doarp.
Dat betsjut dat de kliïnten mei in ferstanlike beheining ferhúzje moatte nei oare lokaasjes. Mar dat is foar dizze groep sa maklik noch net.
Menno hat in eangststeuring en wennet al 17 jier yn in hûs fan Alliade. De sluting fan alle lokaasjes yn Easterwâlde makket him tryst en lilk. Hy begrypt net dat de soarchgroep dit wol.
De ferhúsplannen fan Alliade stimme kliïnten yn Easterwâlde drôvich
"Minsken wenje hjir al jierren. Je wurde út in mienskip weilutsen. Wy as kliïnten wurde wol respektearre troch dit doarp, troch minsken dy't hjir yn Easterwâlde wenje", seit hy.
"De minsken dy't har wurk hjir dogge, dy't ús begeliede, dogge dat mei hiel folle passy en nocht. Dat wurdt sa fan je ôfpakt. Dat is wol in fertrouwenskwestje", seit Menno.

Dyn draai fine

It is foar minsken sa as Menno dreech om op in oar plak de draai te finen, nije minsken kennen te learjen en je thús te fielen.
"Je bouwe in freonerûnte op, dat is hiel wichtich. Dat je as kliïnt fan dizze stichting wol mei gewoane minsken omgean kinne. Dat je net allinnich mar mei je eigen om hoege te gean", seit Menno.
Menno yn 'e wenkeamer
Menno yn 'e wenkeamer © Omrop Fryslân
Hy hat sels ek freonen fûn dêr't hy nei ta kin om bygelyks kofje te drinken. "Freonen dêr't ik altyd welkom bin. Foar my betsjut dat hiel folle."

It komt hurd binnen

Soarchgroep Alliade hat skriftlik reagearre op de ûnrêst dy't troch de plannen ûntstien is.
"Wij snappen heel goed dat er cliënten zijn die zorgen hebben over hun toekomst in Oosterwolde. Als je ergens al lange tijd met plezier woont, komt het voornemen om te verhuizen hard binnen. Dat maakt ook dat we dit voornemen zo zorgvuldig mogelijk hebben gecommuniceerd naar alle cliënten, vertegenwoordigers en medewerkers die betrokken zijn."
Flaggen fan Alliade
Flaggen fan Alliade © Omrop Fryslân
Menno fynt de situaasje net allinnich dreech foar himsels, mar ek foar oare kliïnten en it personiel. Dat is foar him de reden om syn ferhaal te dwaan.

Soargen fan it personiel

De meiwurkers en oare kliïnten wolle of kinne net reagearje op de kwestje yn Easterwâlde. Menno hat mei personiel oer de situaasje sprutsen. Sy hawwe neffens Menno soargen oer har banen en hoe't it mei de kliïnten ferinne sil.
Tagelyk fynt Menno it net mear fan dizze tiid dat der mar twa kliïnten yn ien grut hûs wenje. Mar dêr wat oan dwaan is neffens him al te let.
Dat dit no yn ien kear nei boppe komt, dat komt hiel en hiel hurd oan.
Menno
"Ik tink dat dat earder moatten hie. Se sitte hjir al 40 jier. En dat dit no yn ien kear nei boppe komt, dat komt hiel en hiel hurd oan."
Ien fan de lokaasjes fan Alliade yn Easterwâlde
Ien fan de lokaasjes fan Alliade yn Easterwâlde © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Op 15 febrewaris hat Alliade in gearkomste organisearre foar meiwurkers en fertsjinwurdigers fan kliïnten. Nei de tiid binne de ferhúsplannen troch dizze minsken oan de kliïnten útlein.

De romte biede

Alliade fynt it dan ek spitich dat de belutsenen dit no oars ûnderfine. De soarchgroep ferklearret:
"Wij willen de betrokkenen alle ruimte bieden om hun zorgen kenbaar te maken. Daarover blijven we met hen in gesprek. In nauwe samenwerking met de cliënten, hun vertegenwoordigers en de medewerkers kijken we in alle rust naar wat straks de meest passende plek wordt om naartoe te verhuizen. Daar nemen we de tijd voor."
Ien fan de Alliade-lokaasjes yn Easterwâlde
Ien fan de Alliade-lokaasjes yn Easterwâlde © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Mar Menno hat gjin fertrouwen yn de ferhúzing: "Want ik tink dat je op in gegeven momint gjin kar ha. As kliïnten mear handicapt binne, hawwe se gjin stim. Dy hawwe neat yn de bringen, dus dy kinne je oeral wol delsette".