IIsmaster Beert Boomsma 'back in business': "It is krekt in twadde houlik"

Beert Boomsma as iismaster yn Ahoy
Beert Boomsma as iismaster yn Ahoy © Orange Pictures
Tweintich jier lang soarge hy foar goed iis op Thialf, mar fjouwer jier lyn hold hy dermei op. Dochs krûpt it bloed dêr't it net gean kin: Beert Boomsma hâldt dit wykein it each op it iis by it WK shorttrack.
Dit wykein is it wrâldkampioenskip shorttrack yn Ahoy. Suzanne Schulting en Itzhak de Laat komme op it iis, mar der is noch in Fries dy't faker it opkomt. Beert Boomsma fan De Lemmer soarget mei syn ploech en syn iismasinen foar in goede iisflier yn Rotterdam.
Yn 2020 wie hy hielendal klear mei it wurk, mar yntusken is er alwer efkes oan de gong. Yn 2023 hat er him ynskreaun by de Kamer van Koophandel en sa is hy dwaande mei allegearre projekten.
Beert Boomsma hâldt him wer mei it iis dwaande
"De musical De Tocht ha ik dien, ik help op de Jaap Eden-baan yn Amsterdam en yn Zakopane (nije hal yn Poalen). Ik haw krekt mei de gemeente Tilburg kontakt hân foar de ferduorsuming fan de baan. En ik ha ek yn Grins dwaande west."

Boomsma nei de Spelen yn 2024?

Mar de moaiste put komt miskien noch wol. "Ik ha my ynskreaun foar de 400-meter-baan yn Milaan foar de Spelen fan 2024."
Dat wurdt ek in mobile baan, fertelt hy. "Hjoed ha ik noch mei de Italianen praat, dus dat sil fêst goed komme. Ik ha al efkes iten mei Mark Messer (in Kanadeeske iismaster, red.) en dy sit no yn de beoardielingskommisje fan de Spelen."
Ik tocht: it is efkes klear.
Beert Boomsma oer doe't hy yn 2020 ophold
Yn 2020 hold Boomsma nei tweintich jier op as iismaster fan it Thialf-stadion. Eins hie hy it efkes hân mei it wurk.
"Ik wie der ek hielendal klear mei. Ik ha it earste jier ek gjin reedriden sjoen. Ik tocht: it is efkes klear. En no sjochst wer hoe moai it is."

IIs bliuwt passy

Mar it bloed krûpte dus dêr't it net gean koe. Boomsma bliuwt sljocht op it iis. "Ik hâld sawysa fan de sport, mar fan de technyk ek. It bliuwt myn passy. It sit yn it bloed."
Boomsma is in leafhawwer en sa kaam it iisgefoel en de leafde foar de sport werom. "It is miskien wat nuver sein, mar it is krekt in twadde houlik. It is gewoan moai wurk."
Beert Boomsma yn 2020, yn syn lêste jier as iismaster fan Thialf
Beert Boomsma yn 2020, yn syn lêste jier as iismaster fan Thialf © Orange Pictures
Sa is Boomsma ek no wer dwaande mei iis. Dizze hiele wike as iismaster yn Rotterdam. Yn Ahoy wurde gewoanwei konserten organisearre. Dus moast der in iisflier dellein wurde.
"Wat we hjir boud ha, dêr ha we oardel jier mei dwaande west. It op 'e nij brûken fan wetter, waarmte opwekke, wetterbehanneling. Dat is in hiel proses."

Shorttrackbaan oars as baan fan 400 meter

Sa is it meitsjen fan sa'n mobile baan yn Ahoy noch in hiele put. "It is lestich. It binne drege banen. It moat hiel fluch boud wurde. It klimaat kinne we neat mei, moatst hiel ad hoc wurkje. Mar dat is ek wer in útdaging."
It iis fan in shorttrackbaan is ek net itselde as dat fan in baan fan 400 meter.
"It giet net echt om de faasje by shorttrack. It giet derom dat se fet ha. Dat se rûntsjes ride kinne. En as sterk binne, kinne se safolle druksette, dat se dêr faasje úthelje kinne. En op de langebaan moatte se gewoan glydzje. Sa min mooglik enerzjy ferspylje."
Beert Boomsma
Beert Boomsma © Orange Pictures
Boomsma is net allinnich mar dwaande mei it lizzen fan in goeie iisflier. Hy wol ek duorsum wurkje. Sa wol er besykje mei syn bedriuw B2 Adv-ice iisbanen te meitsjen dy't folle minder enerzjy kostje.
"We wolle in pilot opstarte. En dan tink ik dat wy eltse iisbaan ferduorsumje kinne mei 50 persint enerzjyreduksje.

Duorsum

Sa tinkt Boomsma ek dat in soad iisbanen geunstiger te wurk gean kinne. In soad iisbanen binne net rendabel en ha finansjele problemen.
"Ast echt in wedstriidbaan hast, lykas yn Thialf, dan leit de kwaliteit hiel heech. Dêr soe it dan net fan tapassing wêze. Mar it giet mear om de rekreaasjebanen. Dêr ha we genôch fan yn Nederlân en dy ha it allegearre dreech. Dus ik tink dat dat in útkomst wêze soe."