Liveblog | 15 maart

112-nijs 15 maart: Twa ferwûnen by frontale botsing Kleaster-Lidlum

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 15 maart, 19:53
19:53

Römer meldt him by finzenis

Akteur Thijs Römer hat him juster by de finzenis meld om in moanne selstraf út te sitten foar it online misbrûken fan trije minderjierrige famkes. Ien fan de slachtoffers komt út Fryslân.
Römer (45) krige de straf ferline jier augustus oplein. Begjin dizze moanne melde er dat er net yn heger berop gie tsjin syn straf, wylst er dat earst wol fan plan wie.
De advokaat fan de slachtoffers hat no befêstige dat Römer him meld hat om syn straf út te sitten. Fanwege privacyredenen binne der gjin meidielingen dien wêr't Römer him krekt meld hat.
18:33

Frontale botsing yn Kleaster-Lidlum

Skea oan ien fan de auto's
Skea oan ien fan de auto's © AS Media
By in frontale botsing tusken twa auto's yn Kleaster-Lidlum is de bestjoerder fan ien fan de auto's ferwûne rekke. Dy persoan is oerbrocht nei it sikehûs.
Ien fan de auto's rôle nei it ûngelok de greide yn.
De Verkeersongevallenanalyse (VOA) docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.
15:57

Fjirde fertochte oanholden foar stekynsidint by merke Snits

GRUT
It ynsidint wie flakby de merke op it Martiniplein © ProNews
De plysje hat in fjirde fertochte oanholden foar it stekynsidint fan earder dizze wike by de merke yn Snits. Twa mannen fan 18 jier âld rekken ferwûne by dat ynsidint.
De fertochte dy't no oanholden is, is in 20 jierrige man út Snits. Earder waarden al in Ljouwerter (21) oanholden, en twa Snitsers (21 en minderjierich). Alle fertochten binne yntusken wer frijlitten.
De merke hat in ekstra befeiliger ynset nei oanlieding fan it ynsidint. De merke duorret noch oant en mei snein.
12:17

Scootmobyl bedarret yn sleat yn Ljouwert

Omstanners helje scootmobyl út de sleat yn Ljouwert
Omstanners helje scootmobyl út de sleat yn Ljouwert © Kappers Media
Der is freedtemoarn yn Ljouwert in persoan mei in scootmobyl yn de sleat telâne kaam. It slachtoffer rekke neist it paad en ried sa it wetter yn. Omstanners ha de scootmobyl út it wetter helje kinne. In ambulânse is nei it plak ta kommen om de persoan nei te sjen.
11:35

Brânwacht op 'e nij yn aksje yn De Rottefalle

SR
Dizze foto is woansdei makke doe't de brân hast út wie © SR Fotografie
De brân dy't twa dagen lyn yn De Rottefalle in wenbuorkerij yn de jiske lei, is op 'e nij oplûge. De brânwacht fan Drachten is útriden om dêr nei te blussen.
Woansdei is de buorkerij ferlern gien by in grutte brân.
10:15

Oanriding Hearrenfean

SR
It ûngelok wie flakby in ferkearsskoalle © SR Fotografie
By in oanriding op It Hearrenfean is in brommerrider ferwûne rekke, nei in oanriding mei in auto. De oanriding soe it gefolch west ha fan in foarrangsflater.
It is net dúdlik hoe't de brommerrider der oan ta is.