Aaien fan eigen hinnen skealik? "Ik geef ze voorlopig niet weg"

aaien, hin
In hin leit in aai © Omrop Fryslân
In aike fan de eigen hinnen ite, dy't troch de tún strune. Sûner kin net, soene je sizze. Dochs advisearret it Voedingscentrum om tige foarsichtich te wêzen mei it iten fan 'hobby-aaien'.
Der kinne nammentlik te folle skealike PFAS yn de aaien sitte, blykt út ûndersyk fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). Hoe't dat krekt kin, is noch net hielendal dúdlik. De hinnen soene de skealike stoffen fia it fretten, de grûn of it wetter binnenkrije.
It advys fan it Voedingscentrum is om foarearst te kiezen foar aaien út de supermerk, spesjaalsaken of fan 'e merk. Dy wurde troch de NVWA út en troch kontrolearre op PFAS. Wa't dochs aaien fan de eigen hinnen ite wol, soe der net te folle ite moatte of de ôfwikseling sykje mei supermerkaaien.
Wat kinst no better ite: aaien fan de eigen hinnen of fan de supermerk?
Jinke Hesterman fan Terkaple skrok bot fan it nijs. Hesterman is direkteur fan Levende Have, in kennisnetwurk foar hâlders fan hobby-bisten. Sels hat hja om har wenning hinne meardere hinnen en in hoanne omstappen.
"Het is heel jammer, want je denkt iets goed te doen", neffens Hesterman. "Ook richting de mensen aan wie je de eitjes zo nu en dan weggeeft. Nu worden daar ineens vraagtekens bij gezet."
Se leaut net dat yn alle 'hobby-aaien' skealike stoffen sitte. It giet ek tsjin it gefoel yn; dat je aaien út de supermerk ite moatte, wylst farske aaien fan it eigen hiem dan net goed wêze soene.
hin, aaien
In hin © Omrop Fryslân
"Ik eet ze nog wel, in beperkte mate. Maar ik denk dat ik ze voorlopig niet weggeef. Wij zijn wel van plan om de eieren te laten testen. Ook voor anderen, dan weet je zeker dat ze vrij zijn voor deze stof", seit Hesterman.

Kuolkastke mei aaien

De 12-jierrige Kensi Wiersma fan Idaerd ferkeapet yntusken alwer in skoftke aaien. Se is wiis mei de bisten en follet op deistige basis in kuolkastke oan de dyk. Dêr kinne minsken in doaske farske aaien ophelje.
"We hebben een bordje langs de weg staan", leit Kensi út. "De mensen rijden of fietsen langs en zien het staan. Dan lopen ze hier naartoe om in het koelkastje te kijken."
aaien, hinnen
Kensi Wiersma (12) mei har hinnen © Omrop Fryslân
Neffens Kensi rint de ferkeap goed. Se moat it kuolkastke eltse dei wol byfolje. Fan it PFAS-nijs hat se net folle meikrigen, mar se leaut net dat de aaien fan har hinnen net goed binne. "Ze kunnen het hok in wanneer ze willen, en naar buiten wanneer ze willen. Ik vind het goed zo."