FIDEO: Hûn Loki sjocht syn baaske nei seis jier wer werom

Loki sjocht syn baaske nei seis jier wer
Hûn Loki, dy't al seis jier fermist waard, is wer by syn baaske. Hy waard tongersdeitemoarn ophelle by biste-asyl De Wissel yn Ljouwert.
Baaske Björn út Essen yn Dútslân joech syn hûn sa'n seis jier lyn op as fermist. Hy hie nea tocht dat hy Loki wer werom sjen soe. Oant it momint dat hy in telefoantsje krige fan it biste-asyl: syn Loki siet yn Ljouwert. De twa hienen in emosjoneel wersjen.