GGD: Feart by fleanbasis kin gefaarlik wêze foar bisten

PFOS
In warskôgingsboerd by de Jelsumer Feart © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Jelsumer Feart by de Ljouwerter fleanbasis kin net allinne gefaarlik wêze foar minsken, mar ek foar bisten.
Earder warskôge de GGD al om it wetter út de feart net te brûken, omdat der tige hege konsintraasjes gifstoffen yn sitte. No komme dêr advizen by foar húsdieren. Dy kinne better net yn it wetter swimme, en se meie it wetter ek net drinke.
Ik skrok my dea, ik wist net hoe't ik it ha moast
Anneke Kuipers hat in stâl oan de feart
"Ik fyn it in ramp", seit Anneke Kuipers. Se hat in stâl mei hynders, en dy drinke út de feart. Al 30 jier.
"Ik bin hiel bang, want der sitte stoffen yn dy't de lever oantaaste, en de nieren."
Omwenners witte wol wêr't de rommel wei komt
In wetterlieding is der net. En dus makket frou Kuipers har grutte soargen. "Ik hearde it ferline wike. Doe kamen der twa fan it wetterskip. Ik skrok my dea, ik wist net hoe't ik it ha moast."
No krijt se wetter fan it wetterskip. Dat wurdt oanlevere yn grutte tanks.

Risiko's

De risiko's foar de sûnens binne noch net presys bekend. Dêrom advisearret de Fryske GGD noch hieltyd om net yn de feart te swimmen, fisk út de feart net te iten, en it wetter net te brûken om de grientetún te besproeien.
Yn de feart binne ferhege konsintraasjes PFOS oantroffen. Op guon plakken wurdt de noarm mear as 600 kear oerskrieden.
PFOS, ek wol perfluoroctaansulfonaten, binne gemyske stoffen dy't ûnder de famylje fan de PFAS (poly- en perfluoralkylstoffen) falle. PFOS stjitte wetter, fet en smoargens ôf. Dat is handich foar produkten as skjinmakmiddels, reinjassen of anty-oanbakpannen.
Mei de gemeente Ljouwert en de GGD ûndersiket it wetterskip op dit stuit hoe grut it gebiet is dêr't de PFOS him ferspraat hat, en wêr't de boarne lizze kin.

Offierput fan de fleanbasis

Guon omwenners witte dat al. De fleanbasis leit flakby. En de feart is it ôffierputsje.
"It is de ôfwettering fan alle putten fan de fleanbasis", seit Sytze Jansma. Hy wennet al mear as 60 jier oan de feart.
pfos
De lokaasje fan de Jelsumer Feart © Omrop Fryslân
"Alle reinwetter, alle putten, alles wat fuortspielt, dat komt yn dit kanaal. Dêrom ha se it groeven. It is in kanaal foar de ôffier fan de fleanbasis."
Nei fragen fan Omrop Fryslân lit it ministearje fan Definsje witte dat der op de fleanbasis 'voor zover bekend' op dit stuit gjin produkten brûkt wurde dêr't PFOS yn sit. "Uitsluiten dat er middelen met PFOS worden gebruikt kan Defensie echter niet. Leveranciers van producten weten soms zelf niet of producten PFOS bevatten."
"Wat betreft PFAS worden voor zover bekend 14 producten die PFAS bevatten op de vliegbasis Leeuwarden gebruikt. Dit gaat om smeermiddelen, koudemiddelen en blusschuim. Op de vliegbasis wordt op dit moment een plan opgesteld om de waterstromen in relatie tot PFAS inzichtelijk te maken."
Neffens it wetterskip binne der in protte omwenners dy't fragen ha oer de risiko's fan PFOS foar bisten. De GGD koe dêr earder neat oer sizze. Dy organisaasje behoffenet allinne risiko's foar minsken.
De GGD had advys frege oan de Gezondheidsdienst voor Dieren. Dy seit dat der noch in protte ûndúdlik is oer de gefolgen dy't PFOS ha kin foar bisten. Dêrom is it advys om it kontakt mei it wetter safolle mooglik te beheinen.

Hynders

Frou Kuipers hat it der drok mei. Har hynders doart se it wetter net mear te jaan, ek al drinke dy der al 30 jier fan.
Hynderhayo
Hynders yn de stâl fan frou Kuipers © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"No moat ik mei amers sjouwe", seit frou Kuipers. "Dat is in hiel wurk, benammen as de hynders drachtich binne. Se drinke alle dagen wol 30 liter."
Oan de hynders sels is neat te fernimmen. "Myn hynders wiene noait siik. No ek net. Mar ik bin wol bang. Want hoe lang duorret dit?"
Minsken dy't fragen ha oer de sûnens fan de bisten, wurdt oanret om kontakt op te nimmen mei de eigen bistedokter.