Fryslân en Limboarch 'hotspots' foar koperdieven: "Het is levensgevaarlijk"

ANP
Wurk oan it spoar © ANP
Yn Fryslân en Limboarch wurdt faker koper stellen as yn oare provinsjes. Dat seit in wurdfierder fan spoarbehearder ProRail.
Tongersdei lei it treinferkear tusken Ljouwert en It Hearrenfean de hiele moarn plat fanwegen koperstellerij. En dat wie net de earste kear yn ús provinsje.
Yn in eardere ferzje fan dit artikel stie net Limboarch mar Seelân neamd as 'hotspot' foar koperstellerij oan it spoar. Dat kaam troch in flater fan ProRail.
Eksakte sifers hat ProRail net direkt paraat, mar in wurdfierder lit witte dat der no wer in groei te sjen is yn koperstellerij oan it spoar yn Fryslân en Limboarch .
In jier lyn melde ProRail noch dat it tal gefallen fan koperstellerij yn it hiele lân histoarysk leech wie.
Spoar1
Wurk oan it spoar © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Het is heel vervelend dat dit nu gebeurt", seit Mirjam de Witte fan ProRail. De stellerij soarget foar fertraging op it spoar en ekstra wurk foar de spoarbehearder.
"We moeten eerst goed kijken wat er weg is: hoe groot is het stuk waar het koper is gestolen? Dan moet het worden vervangen, en daarna controleren we of alles werkt en of de treinen veilig kunnen rijden."
Voor een paar centen je leven in de waagschaal leggen, is geen goed idee.
ProRail
De Witte hat wol in idee hoe't it kin dat de dieven Fryslân en Limboarch útsykje."Het is er rustig. En landelijk gebied." Dêrtroch soene de dieven tinke kinne dat se minder gau sjoen wurde, en dat se de tiid ha om oan it wurk te gean.
Boppedat ride der yn dizze provinsjes nachts minder treinen as yn it midden fan it lân.

Spanning

Je moatte it risiko net ûnderskatte, seit De Witte. "Het is levensgevaarlijk. Ze doen het vooral 's nachts, als het rustig is, maar er kan altijd een trein komen. En je weet nooit of ergens nog spanning op staat."
"Voor een paar centen je leven in de waagschaal leggen, is geen goed idee."
ANP
It stasjon by Grou © ANP
ProRail set yn op ekstra kontrôle. "Maar het hele spoor bewaken, dat is bijna niet te doen. Het is een groot gebied dat je dan moet controleren." Hokker maatregels oft der krekt naam binne, wol De Witte net sizze.

Koperkeapers

Wat net meihelpt is dat der blykber keapers binne foar it stellen koper. ProRail ropt de metaalhannelers op om it guod net te akseptearjen.
"Zij hebben de kennis en de kunde om koper te herkennen: als het van het spoor afkomstig is, mogen ze het niet aannemen."