Harjan Bruining foardroegen as nije wethâlder Achtkarspelen

Harjan Bruining (CDA)
Harjan Bruining (argyf) © RTV NOF
De CDA-fraksje fan Achtkarspelen sil Harjan Bruining fan Surhústerfean foardrage om wethâlder Jouke Spoelstra op te folgjen. Yn in wike tiid makken twa wethâlders yn de gemeente bekend dat se fuortgeane. Dêrmei mist de gemeente noch hieltyd ien wethâlder.
De gemeente bedarre yn dizze situaasje nei't Spoelstra koartlyn troch de ried fan de gemeente Westerveld foardroegen waard as nije boargemaster. Sierd Vegelin fan Gemeentebelangen Achtkarspelen liet woansdei witte dat er ophâldt.
Wethalders Gemeentehûs Achtkarspelen 2 V2
Wethâlders Tjibbe Brinkman (FNP) en Lea van der Tuin-Kuipers (CDA) wiene noch oer © Gemeente Achtkarspelen en Omrop Fryslân
Mei Bruining krijt it kolleezje in opfolger mei ûnderfining. Bruining wie earder fan 2016 oant 2022 wethâlder yn de gemeente.
"Het CDA is blij dat Bruining zich beschikbaar stelt. Hij neemt naast zijn ervaring als wethouder een grote financiële deskundigheid mee. Deskundigheid die de gemeente Achtkarspelen gezien de financiële situatie en de gevolgen van de ontvlechting goed kan gebruiken", sa skriuwt de CDA-fraksje.