HEA! 45 jier itensiede foar matroazen en skipsbouwers

HEA! 45 jier kok
Nei 45 jier leit Johan Visser de sopsleef definityf yn 't laad. De Penjumer wie al dy jierren haadkok fan de Maritieme Academie yn Harns. Hy hat tûzenen hongerige matroazen en skipsbouwers fan iten foarsjoen.
Doe't Visser begûn, wie de omgong op skoalle suver noch militaristysk. Hjoed-de-dei is it folle losser en ha de learlingen sels ynspraak yn it menu. De kok swaait ôf no't de nijbou fan de skoalle klear is. Syn opfolger kin begjinne yn in nagelnije keuken.