Liveblog | 14 maart

112-nijs 14 maart: Brân yn Driezum ûnder kontrôle | Trije oanhâldingen nei ynfal yn hûs yn Ljouwert

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 14 maart, 22:30
22:30

Trije oanhâldingen nei ynfal yn hûs yn Ljouwert

De Criminaliteit Interventie Groep (CIG) fan de plysje Ljouwert hat twa minsken op 'e die betrape by it hanneljen yn ferdôvjende middels. In tredde persoan is oanhâlden om't er noch in iepensteande finzenisstraf hie.
De persoanen waarden oanhâlden nei't de CIG ynfallen wie yn in wenning yn Ljouwert. By de hússiking waarden 80 gram kokaïne, tweintich xtc-pillen, twa luchtdrukwapens, in machete en twa krúsbôgen oantroffen. Al it guod is yn beslach naam.
15:20

Brân Driezum ûnder kontrôle

Driezum
Mei de skea liket it ta te fallen © RTV NOF
De brân yn Driezum siet yn it plafond. Dat meldt de brânwacht. "Daardoor hebben we de nodige sloopwerkzaamheden moeten verrichten.
Troch der fluch by te wêzen koe de brânwacht foarkomme dat it reiten tek yn de brân fleach. Mei heechwurker is fan bûtenôf it dak ynspektearre mei in waarmtebyldkamera. Dat meldt RTV NOF.
Yntusken is it sein 'brand meester' jûn.
14:45

Brân yn wenbuorkerij Driezum

ProNews
De brânwacht yn Driezum © ProNews
De brânwacht is útriden foar in brân yn in wenbuorkerij yn Driezum. "Omdat een gedeelte van het dak van de woning rietgedekt is, is er opgeschaald naar middelbrand", meldt de brânwacht.
12:07

Treinen ride wer

Tusken Ljouwert en It Hearrenfean begjinne de treinen wer te riden. De problemen, dy't feroarsake binne troch koperstellerij, binne ferholpen.
10:02

Fertraging tusken Ljouwert en It Hearrenfean duorret langer

De fertraging op it spoar tusken Ljouwert en It Hearrenfean duorret langer. Der wurdt no rûsd dat de problemen net earder as 12.30 oere oplost wêze sille. Oarsaak foar de fertraging is koperstellerij. Der rydt no ferfangend busferfier.
07:40

Gjin treinen tusken Ljouwert en It Hearrenfean

trein ns
In trein fan NS © Shutterstock (VanderWolf Images)
Troch koperstellerij ride der gjin treinen tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Dat befêstiget in wurdfierder fan NS. Der wurdt op it stuit ûndersyk dien nei de skea oan it spoar. De ferwachting is dat de fertraging yn alle gefallen oant 11.00 oere duorje sil. De ferfierder riedt oan om harren reisplanner goed yn de gaten te hâlden.