Spjirringfiskerij 'folslein onakseptabel' neffens minister Adema

Spjirringkontrole2
Ien fan de garnalenfiskers mei kontroleurs yn de foargrûn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Minister Piet Adema fan Lânbou en Natuer fynt it folslein ûnakseptabel dat der dochs by de Ofslútdyk op spjirring fiske wurdt troch beropsfiskers. Dat skriuwt hy yn antwurd op Keamerfragen fan Tjeerd de Groot.
De Groot hie syn fragen stelt nei berjochtjouwing fan Omrop Fryslân oer dizze fiskerij. Trije garnalefiskers hellen yn jannewaris 23 ton spjirring út de Waadsee dy't as byfangst op 'e wâl brocht waard. Yn febrewaris is dêr nochris 32,5 ton by kaam, sa lit de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland witte.
Earder waard der mei in natuerwetfergunning wol op spjirring fiske. Mar ûnder oare Vogelbescherming Nederland makke dêr beswier tsjin en sy krigen ein ferline jier gelyk fan de rjochter. Dêrtroch kin der net mear doelbewust op spjirring fiske wurde. De trije fiskers dy't sa'n natuerfergunning woenen, hâlde harren oan dy útspraak, sa skriuwt Adema oan de Twadde Keamer.

Dossier

De trije garnalefiskers wêr't it no om giet, binne earder kontrolearre en warskôge om op te hâlden mei wat neffens it ministearje doelbewust fiskjen op spjirring is, mar neffens de fiskers byfangst by it garnalefiskjen. Der wurdt no in dossier rûnom dizze kwestje opboud om yngripe te kinne. En it liket der op dat dy fiskerij troch yn elts gefal in part fan de belutsen fiskers noch gewoan trochgiet.
Spjirring1
In fisker is dwaande yn de spuikom fan Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
By it meitsjen fan dat 'dossier' wurdt sjoend nei ûnder oare fiskpatroanen en de spesifike lokaasjes dêr't fiske wurdt om sa hurd te meitsjen dat de spjirring gjin byfangst is by de garnalefiskerij. Adema, mar ek minister Christianne van der Wal fan Natuer en Stikstof fine wat dat oanbelanget de lokaasjes dêr't op 'garnalen' fiske wurdt "zeer opmerkelijk".

Spuikommen

Minister Adema skriuwt: "De spuikommen bij Den Oever en Kornwerderzand zijn geenszins een reguliere locatie om op garnalen te vissen in de Waddenzee. De spuikommen zijn immers circa 25 meter diep. Garnalenvisserij vindt doorgaans op ondiepere locaties plaats waar met klossen aan het sleepnet de garnalen die zich in de zeebodem bevinden opgeschrikt worden."
Spjirring2
De koers fan dit fiskersskip lit sjen dat der yntensyf fiske wurdt yn de spuikom fan Koarnwertersân © Omrop Fryslân
"In combinatie met de aangelande hoeveelheden aan vangsten en de verhouding daarin tussen spiering en garnaal is in de optiek van de Minister voor Natuur en Stikstof een natuurvergunning voor spieringvisserij een vereiste", konkludearret er.