Boargemaster Stoel sjocht neat yn plan Keamerleden om Amelân autofrij te meitsjen

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân
Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân © Omrop Fryslân
It Amelân is te grut om, lykas Flylân en Skiermûntseach, in auto-earm of autofrij eilân te wurden. Dat seit boargemaster Leo Pieter Stoel. Yn de kommisje Wadden fan de Twadde Keamer waard woansdei foarsteld om It Amelân autofrij te meitsjen.
Minder auto's en minder frachtauto's oersette nei it eilân soe helpe kinne om de fearboatproblemen op te lossen, seinen Keamerleden Tjeerd de Groot fan D66 en Glamina Chakor fan GrienLinks/PvdA. Amelân soe dan yn 'e takomst betsjinne wurde kinne troch lytsere fearboaten, dêrtroch soe it net langer nedich wêze om safolle yn de fargeul tusken Holwert en Nes te baggerjen.

Fernuvering

Boargemaster Leo Pieter Stoel siet yn Den Haach op de publike tribune en harke mei fernuvering nei it foarstel foar in auto-earm Amelân. "Ik stel voor dat de dame van GroenLinks die dit voorstelt eens probeert om tegen de wind van Nes naar Hollum te fietsen. Dat is een stevige tocht van 12 kilometer."
De boargemaster heakket deroan ta dat Amelân al dwaande is mei in plan om it autoferkear mei tritich persint werom te bringen. It hiele eilân offisjeel auto-earm meitsje is neffens boargemaster Stoel ûnmooglik. "Sommige campings op Ameland kunnen wel sluiten als er geen auto's meer op het eiland mogen komen. Als een toerist de bagage met eigen auto mee wil nemen, dan heb ik daar begrip voor, als ie de rest van de week maar met de fiets gaat."
Bus op Ameland
In bus op It Amelân © Maurice Hooikammer
Mei in goeie bustsjinst, goeie fytsfoarsjennings en dielauto's wol de gemeente Amelân de ambysje om it tal autobewegings te beheinen wier meitsje. "We willen het zo organiseren dat de mensen minder reden hebben om de auto mee te nemen."
Minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat koe de Amelanner delegaasje gerêststelle. "Het besluit om een eiland wel of niet autovrij te maken is de bevoegdheid van de gemeente. Het Rijk gaat daar niet over." De minister heakke deroan ta dat it Ryk meikoarten úteinsette sil mei it ferkennen fan in alternative fearboatrûte fan Ferwert nei Nes.