Soad skea nei brân by autobedriuw op It Hearrenfean

Brân auto Hearrenfean
De skea is grut © CAMJO Media
Der hat in grutte brân west by in autobedriuw op It Hearrenfean. By de brân rekken gjin minsken ferwûne, mar de skea wie grut.
De brân bruts rûn 15.00 oere hinne út. It fjoer fersprate him yn in rap tempo en dus ride de brânwacht massaal út. Fan Hearrenfean, Akkrum, Tsjalbert, Snits, De Lemmer en De Jouwer út rieden brânwachtploegen út foar de brân.
Bylden fan de brân op It Hearrenfean
De brânwacht makke al gau melding fan in útslaande brân. "De brand zit al in het dak en is uitslaand. Om de verschillende hulpdiensten beter te laten samenwerken is opgeschaald naar GRIP-1." Derneist wie der in NL-alert útjûn fanwegen de swarte reek dy't frijkaam by de brân.
Rûn 17.00 oere wie de brân ûnder kontrôle en waard it sein 'brand meester' jûn.
Eigener Arne Skelte Brouwers is bot skrokken: "It is in behoarlik drama. Mar elkenien is gesûn, de rest is no allegear bysaak."
Eigener autobedriuw It Hearrenfean: "Behoarlik drama"
Hoe't de brân krekt barre koe, wit er net. "En dat kin my eins ek gjin donder skille. De minsken bin feilich, en dat is myn grutste guod."

Brân De Rottefalle

Earder op de dei wie der ek al in grutte brân yn De Rottefalle. Dêrby gie in njoggentjinde-iuwske wenpleats ferlern.