Dit is it nije, duorsume oantinken foar de Slachtemaraton

Slachtemarathon, Houtseachmole drylts, De Rat
Simon Jellema mei it oantinken fan de Slachte 2024 © Omrop Fryslân
It is in meunsterput foar mûne De Rat yn Drylts. De kommende moannen meie de frijwilligers 13.000 oantinkens meitsje foar de Slachtemaraton. De tocht is pas oer trije moannen, mar no al binne se drok yn it spier om alle blokjes op tiid klear te krijen.
De wyn stiet woansdeitemiddei moai op de grutte houtseachmûne oan de râne fan it stedsje. Gjin sinne, en dus prachtich waar om it âlde hout oan it wurk te setten. Mûnder Simon Jellema hat alle trije seagen oanstean, en kin der rêstich in bakje kofje by drinke. De wyn docht it wurk.
Meunsterput foar Dryltster mûne: foar 15 juny moatte der 13.000 blokjes komme
De grutte blokken bûkehout dy't brûkt wurde foar it oantinken fan de Slachte, binne goed tsien jier lyn rêden fan de shredder. It hout soe eins brûkt wurde foar griene enerzjy, mar yn stee dêrfan leit it no yn de mûne fan Drylts.

Duorsum

De gearwurking tusken de mûne en de Slachtemaraton is benammen basearre op duorsumens. De kuiertocht hie yn eardere jierren in oantinken fan keunststof, mei dêryn in ôfbylding fan in blaasorkest. Mar de organisaasje woe dat dit kear oars oanpakke, duorsum, en sa kamen se út by de houtmûne.
Slachtemarathon, Houtseachmole drylts, De Rat
Houtseachmûne De Rat yn bedriuw foar de Slachteblokjes © Omrop Fryslân
"Dit is in grutte put, benammen it hânwurk", fertelt Jellema. "As de mûne klear is, moatte de planken skaafd wurde op dikte. Dêrnei moatte se seage wurde op breedte en skuorre wurde, de skerpe kantsjes dêrôf. En dan it logo fan de Slachte derop brâne, dat is it moaiste."
Der giet in soad tiid yn sitten, mar Jellema genietet derfan en hat gjin stress, ek al binne der noch 9.000 blokjes te gean. "We hawwe in healjier, dus dat slagget."