Omrop Fryslân fjouwer kear nominearre foar prizen regionale produksjes

De Heks van Anjum
De Heks fan Anjum © Omrop Fryslân
Fjouwer programma's fan Omrop Fryslân kinne in priis winne. De jierlikse Regiohelden binne de lanlike prizen foar de bêste regionale produksjes.
De kânshawwers binne it nijsferhaal 'Fêst yn Woodbrookers', de podcast 'De Heks van Anjum', de film 'Bartele Bûse' en de dokumintêre 'Bolta Zathe'.
It nijsferhaal 'Fêst yn Woodbrookers' is makke troch in team sjoernalisten dy't de saak folge hat. Ien fan de sjoernalisten, Marije Klijnstra, fynt it in moaie erkenning: "Foar elkenien dêr't wy mei sprutsen hawwe, benammen de slachtoffers."
Hayo Bootsma follet oan: "Foar ús in hiele moaie opstekker, mar it giet om Woodbrookers. It giet my om de minsken dy't der sitte. Wurdt it better foar de jeugd dêr? Dêr hat de sjoernalistyk in taak yn. En as wy in bydrage yn leverje kinne, dan is it dochs slagge."

Populêre podcast

De podcast 'De Heks van Anjum' stie ein ôfrûne jier by ferskate podcastplatfoarms op nûmer ien. It is makke troch Geartsje de Vries en Linze Valk yn gearwurking mei sjoernalist Margriet Brandsma.
"Ik hie der in lyts bytsje op hope", seit De Vries. "Omdat it in sukses wie tocht ik: wy meitsje wol kâns. Mar it moat altyd noch mar. En de konkurrinsje is heftich. Dus ik bin der hartstikke bliid mei."

Magy

Makker fan dokumintêre 'Bolta Zate' Hannah Swart is benammen oerfallen. "Net normaal, dit hie ik echt net tocht." De dokumintêre folget twa eigensinnige bruorren dy't in buorkerij hawwe yn Eastrum. Sy ha soargen oer harren takomst.
Bartele Bûse
Bartele Bûse © Omrop Fryslân
De film 'Bartele Bûse - De Kaam fan Juffer Lize', makke troch Halbe-Piter Claus, waard ôfrûne jier as earste Fryske fiksjefilm talitten ta it Cinekid festival yn Amsterdam. It giet oer in jonge dy't in magyske kaam fynt en de help fan in tovener nedich hat om syn magyske kwestje te ferhelpen.
De winners wurde op 11 april bekendmakke, by it Regioheldenfestival. Dat is dit jier yn Ljouwert.