Resinsje 'Thúsblaze' troch Tryater: "Mar it korps bliuwt!"

resinsje Thúsblaze
Ofbylding as yllustraasje © Omrop Fryslân
Mei 'Thúsblaze' bringt Tryater de fanfare by de minsken thús yn de húskeamers. Lytse yntime foarstellings as opmaat nei de grutte iepenloftfoarstelling yn maaie. In moaie yntroduksje fan de Fryske koperkultuer oan de hân fan libbensferhalen fan inkelde korpsleden. Emoasjes yn fleis en bloed: salang't wy blaze sil it duorje!
'Thúsblaze' is it twadde diel fan it trijelûk fan Tryater oer de fanfare. Sa kaam it publyk yn it earste diel yn 'e kunde mei Carmen, in sopraansaksofoniste by de pleatslike harmony.
Aktrise Brecht Wassenaar naam it publyk prachtich mei nei dy wûnderlike wrâld fan 'de blaasmuzyk'. Net yn it teäter, mar gewoan by in sabeare repetysje fan it korps yn de reguliere oefenromte.

Terapy

Sa waard ek dúdlik wêrom't artistyk lieder Tatiana Pratley krekt foar dit tema keazen hat: it korps as spegel fan de lokale mienskip. De krêft fan it muzykmeitsjen mei-inoar. It dielen fan wille en blydskip, mar ek de soargen en fertriet. It korps as terapy.
En ek sa moai, alle foarstellings waarden op in oare oefenlokaasje holden, yn in oar doarp mei in oar korps. Alle foarstellings krigen sa harren eigen klankkleur. Moai.
resinsje Thúsblaze
Joop Wittermans as Rinse, ien fan de haadrolspilers yn Fanfare © Lucas Kemper
Ek de foarstellings fan 'Thúsblaze' spylje dus net yn teäters of doarpssintra, mar foar de gelegenheid gewoan by minsken thús. Ferspraat oer de hiele provinsje. Foar de tritich, fjirtich minsken dy't foar dizze jûn in kaartsje bemachtige ha - de kaartferkeap rint as it spoar - bliuwt it in ferrassing wat en wa't se te sjen krije.
Tryater hat nammentlik keazen foar in wat ludike wize om de ferskate haadpersoanen út de grutte slotfoarstelling te presintearjen. Dat wol sizze, op alle ferskillende lokaasjes sil alle kearen ek in oar personaazje foar it fuotljocht komme.
Dat kin dus Brecht Wassenaar sels wêze, dy't as Carmen noch krekt wat mear oer harsels priis jaan sil as yn de earste foarstelling. Krekt skieden freget se harsels ôf oft se eins wol in goede mem foar har bern wêze kin. Mar ek har rol as dochter wurdt tsjin it ljocht holden. En hoe moat it mei har eigen takomst by it korps?

Dilemma

Mar we kinne ek te meitsjen krije mei de ympulsive John-Douwe, spile troch Lourens van den Akker. Hy oerwaget om it trompetblazen wer op te pakken om syn lilkens en driftbuien de baas te wurden.
Aktrise Eva Meijering kin ek samar har entree meitsje as de nagelnije foarsitter fan it korps, dy't der hielendal foarwei is troch de nije diriginte. En dan kin Joop Wittermans noch syn opwachting meitsje. Hy hat de rol fan de âlde eufoaniumspiler Rinse, de heit fan Carmen, dy't al fyftich jier fanatyk mei de fanfare meiblaast. Mar no foar in aaklik dilemma stiet.
resinsje Thúsblaze
Muzikale stipe wurdt ferliend troch Maaike de Vries op bugel © Lucas Kemper
Fansels mei ek dit kear de muzyk net ûntbrekke. Fanfare is en bliuwt ommers de reade tried troch alle foarstellings. Wie it publyk fan 'Ynblaze' noch tsjûge fan de repetysje fan in folslein korps, dit kear wurde de spilers muzikaal stipe troch mar ien muzikant. It docht lykwols bliken dat it in weardefolle oanfolling foar in sfearfol klank-dekôr is.

Ald

By de foarstelling yn VillaRijs yn Riis dy't ik beskôgje mei, komt Joop Wittermans as Rinse sabeare oer it sket fan de buorlju klatterjen. Hy blykt op de flecht te wêzen foar syn dochter Carmen.
Sy kin net ferneare dat har heit him stadichoan hieltyd mear weromlûkt yn syn eigen wrâldsje. En hieltyd minder op de repetysjes fan it korps komt. Mar Rinse is benaud dat er stadichoan te âld wurdt om noch op nivo meispylje te kinnen. En besiket dy gefoelens fan ûnrêst mei it publyk te dielen.
resinsje Thúsblaze
De minsken feroarje, mar it korps bliuwt © Lucas Kemper
Dat giet yn it begjin wat stroef. De ynteraksje mei it publyk wol net daliks flotte en it liket wol oft Wittermans yn dizze húskeamersetting wat muoite hat mei de ôfstân tusken akteur en publyk. Mar dan komt it treintsje op steam, nimt Witermans ús by de hân en lit net wer los.
Prachtich hoe't er fertelt oer syn grutte leafde Maaike van Kouwenhoven dy't er ea by it korps troffen hat. En it famke mei de bugel dat foar him siet wurdt letter de mem fan Carmen. Sels spilet er eufoanium. In wat apart ynstrumint, seit er sels. As in âlde man, dy't de hiele jûn neist je sit en no en dan wat bromt. Mar wol de basis leit foar it hiele orkest.

Leafde

Yn Riis krijt Wittermans muzikaal stipe fan Maaike de Vries-Sybesma, fan Concordia út Drylts. Mei har bugel ropt se earst in byld op fan Maaike mei it reade hier, de grutte leafde fan Rinse, om letter treflik kleur te jaan as in jierrenlange freonskip stikken giet.
resinsje Thúsblaze
'Thúsblaze': in opmaat nei de iepenloftfoarstelling 'Fanfare' © Lucas Kemper
En wat wurdt der, just yn dizze lytse rûmte, meilibbe as Rinse ferhaalt oer syn twivels. It sil him net oerkomme dat er de noaten te let te spilet. De harmony foargoed ferbrutsen. Dan giet de telefoan. It is Carmen, Rinse syn dochter. Se wol sa graach dat har heit dochs trochblaast. As wêzentlik ûnderdiel fan syn deistich libben.
Wat in prachtich stikje folget dan út dizze al sa ûnderhâldende monolooch fan skriuwer Wessel de Vries. Rinse giet yndied noch ien kear nei de repetysje fan syn korps. Dat is alteast it doel. Mar as er by de oefenromte oankomt, heart er dat de muzyk ek sûnder him al úteinset is. Hy hat it dizze jûn earder sein: de minsken feroarje, mar it korps bliuwt!

Slotfoarstelling

'Thúsblaze' is in foarstelling fan mar krekt in oere. In koarte mar yntinse kennismakking mei ien fan de haadpersonaazjes út de slotfoarstelling yn Easterlittens. Mar o sa de muoite wurdich. Foar de apoteoaze fan it folsleine trijelûk aanst yn Easterlittens net te missen!